Ljouwerterpiip
De Ljouwerterpiip is in eardere wetterpoarte yn de stêd Snits.
Dizze wetterpoarte lei ter hichte fan dêr't no de Dimpte Pôle lei. Dy wie destiids net tichtsmiten en wie in wichtige wetterwei yn de stêd en wie it keppelpunt mei de Swette rjochting Ljouwert. Dizze piip waard yn 1766 ferbettere mei leunings en sitbanken. Foarhinne waarden yn de poarte doarren sluten sadree't de jûn falllen wie.
By de Ljouwerterpiip stienen twa kanonnen ta ferdigening fan de stêd.
De efterlizzende draaibrêge sit der noch en hjit Keninginnebrêge.