Lmbatavank
Lmbatavank (Armeensk: Լմբատավանք), offisjeel de Stefanustsjerke fan it kleaster Lmbat (Armeensk: Լմպատի վանքի Սուրբ Ստեփանոս եկեղեցի), is in tsjerkegebou op in heuvel súdwest fan 'e stêd Artik yn 'e Armeenske provinsje Sjirak.
Lmbatavank Լմբատավանք | ||
Lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
Provinsje | Sjirak | |
plak | by Artik | |
koördinaten | 40°36'N 43°57'E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 7e iuw | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe oan 'e martler Stefanus wijde tsjerke datearret út de 7e iuw.
Yn 'e jierren 1955-1956 waard de tsjerke foar in part rekonstruearre.
By opgravings yn 1960 om de tsjerke hinne waard ûtdutsen dat it gebiet yn 'e brûnstiid in deadeikker wie. Ek kamen by de opgravings tal fan krússtiennen oan it ljocht, dêr't guon fan opsteld binne tsjin de muorreresten njonken de tsjerke.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe krúsfoarmige tsjerke wurdt bekroand mei in koepel op in achthoekige tamboer. De fjouwer earmen fan 'e tsjerke hawwe allegear in sealtek. De tsjerke hat ien portaal dat nei it ynterieur liedt en grinzgjend oan 'e haadyngong is noch in portaal sûnder doar, dat nei in sydkapel liedt. Oan 'e oare kant fan 'e tsjerke binne ynskripsjes en in croix pattée yn it midden fan in sirkel lofts fan it legere finster. Itselde type krús is ek op oare tsjerken yn 'e omkriten fan Artik te sjen.
Yn 'e apsis binne belangrike fresko's út de 7e iuw bewarre bleaun mei resten fan in foarstelling fan Jezus mei om him hinne himelske machten. Ek is der in fresko fan Sint-Joaris op it hynder mei yn 'e hân in stêf dat mei in krús bekroand is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|