Loadewyk Kaspar Valckenaer

Loadewyk Kaspar Valckenaer, latinisearre: Ludovicus Casparus Valckenarius (Ljouwert, 7 juny 1715Leien, 15 maart 1785) wie in Nederlânsk klassikus oan de Universiteit fan Frjentsjer en de Universiteit Leien.

Libben en wurk

bewurkje seksje

Lodewijk Valckenaer wie de âldste fan fiif bern fan Jan Warner Valckenaer, advokaat by it Hôf yn Ljouwert, en Sugus Baux.
Hy gie nei de Latynske skoalle yn Ljouwert, wie studint yn de teology yn Frjentsjer (1731 -1737), dêr't ûnder oaren de heechlearaar Gryksk Tiberius Hemsterhuis grutte ynfloed op him hie. Hy promovearre yn 1737, mar ferfolge syn stúdzje yn Leien (1737-1739), benammen om de kolleezjes fan de hebraïkus Albertus Schultens te folgjen. Werom yn Fryslân waard er yn 1740 konrektor oan de Latynske skoalle yn Kampen. Yn 1741 waard er heechlearaar Gryksk yn Frjentsjer as opfolger fan Tiberius Hemsterhuis. Yn 1765 waard er heechlearaar Gryksk yn Leien, wer as opfolger fan Hemsterhuis. Dy funksje hie er oant syn dea yn 1785.

Hy troude op 1 febrewaris 1752 yn Amsterdam mei Johanna van der Streng, wêrtroch 't er parintearre wie oan Petrus Burmannus Secundus, heechlearaar Latyn oan it Amsterdamske Athenaeum Illustre, en dy syn frou Maria Elisabeth van der Streng. Se krigen in dochter, Johanna Sugus, en in soan Johan (1759-1821), dy't û.o. heechlearaar yn de rjochten te Frjentsjer waard. Johanna Suzac troude mei Etienne Luzac, waans broer Johan Luzac Valckenaer yn 1785 opfolge as heechlearaar Gryksk yn Leiden.

Under Valckenaer belibbe de achttjinde-iuwske fannijs belibbing fan de Grykske stúdzjes, dy't ynset wie ûnder syn learmaster en foargonger Tiberius Hemsterhuis, de saneamde Schola Hemsterhusiana, de hichte. As studint teology wie er yn oanrekking kommen mei it Gryksk, mar hy fûn dat it Gryksk folle mear wêze moast as in helpwittenskip fan 'e teology. It Gryksk hold foar him mear yn as allinne de taal; ek oan skiednis, antikiteiten en filosofy bestege er omtinken. Hy joech aparte kolleezjes oer Grykske antikiteiten en literatuerskiednis. Hy beskôge it Gryksk as riker as it Latyn, dat neffens him ûntstien wie út it Gryksk. Uteinlik moast de stúdzje fan it Gryksk neffens Valckenaer net tsjinje om in filolooch op te lieden, mar bydrage ta it oplieden fan goede boargers. Troch syn publikaasjes, mar benammen yn syn kolleezjes, dy 't ek studinten út it bûtenlân lutsen, hat er dit stânpunt útdroegen.

  • Ammonius. De adfinium vocabulorum differentia (Leien 1739)
  • Dictata in antiquitates Graecas (1751)
  • Observationes philologicae in Evangelium Lucae (1751)
  • Observationes philologicae in Actus Apostolicos (1752)
  • Observationes philologicae in primam Pauli epistolam ad Corinthios (1752)