Loads (berop)

(Trochferwiisd fan Loads (skipfeart))

In loads is in seeman dy't him deryn spesjalisearre hat om skippen troch gefaarlike of drokke wetters te loadsen, lykas havens en riviermûnings. Sokke lju folôgje fierders it ôfmearjen fan skippen troch it skip sels rjochtstreeks te betsjinjen en sleepboaten en havenwurkers fia in radioferbining oarders te jaan. Loadsen besitte detaillearre kennis fan pleatslike wetterwegen, en binne ekspêrs yn it maneuvrearjen fan grutte skippen. Se wurde nei arrivearjende skippen oerbrocht troch flugge loadsboaten of loadstenders of soms mei in helikopter.

In loadsboat yn 'e haven fan IJmuiden.

Yn 'e measte havens is it foar skippen ferplichte om in loads oan board te nimmen en it skip bestjoere te litten. Likegoed bliuwt de kaptein folslein ferantwurdlik foar it skip en de feilichheid fan bemanning, eventuële passazjiers, oare wetterbrûkers en havenpersoneel. As er in dúdlike oanlieding hat om te tinken dat de loads syn skip of oaren yn gefaar bringe sil, hat de kaptein dêrom it rjocht om 'e loads fan syn taken te ûntheffen. Allinnich yn it Panamakanaal draacht de loads sels de folle ferantwurdlikheid foar it bestjoeren fan it skip.

It loadswêzen is ien fan 'e âldste beroppen fan 'e wrâld, like âld as de skipfeart, en it is noch altyd fan krúsjaal belang foar de feilichheid fan dy bedriuwstûke. De âldste dokumintearre skiednis fan it loadswêzen giet werom oant de sânde iuw f.Kr. Hjoed oan 'e dei is de rol fan loadsen allinnich noch mar wichtiger wurden troch de ûnbidige grutte fan 'e tsjintwurdige frachtskippen en oaljetankers en de navenante risiko's dy't dat meibringt op sawol ekonomysk mêd as foar it miljeu

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.