Loanske Oarloch
De Loanske Oarloch (1203 - 1206) wie de machtstriid om de opfolging fan greve Durk VII fan Hollân. Greve Durk VII fan Hollân ferstoar yn 1203 en hie allinnich mar dochters. By syn ferstjerren libbe allinnich noch syn dochter Ada. It hie syn bedoeling west dat hy opfolge wurde soe troch syn dochter Ada fan Hollân. Mar ek syn broer Willem fan Fryslân woe wol greve wurde fan it Greefskip Hollân. Noch foardat har heit te hôf brocht wie, troude Ada op 15-jierrige leeftyd mei greve Loadewyk fan Loan. Underweis nei it te hôf bringen fan har heit waard sy opwachte op getrouwen fan har omke Willem. Sy ferskûle har yn de boarcht fan Leien. Uteinlik wist Willem har dôchs yn hannen te krijgen en stjoerde har nei Ingelân.
Loadewyk krige earst help fan de greve fan Flaanderen de biskop fan Luik en letter ek fan de hartoch fan Brabân en wist Willen nei Seelân te ferdriuwen. Fan 1205 ôf kearde it tij en yn 1206 waard der frede sluten (it Ferdrach fan Brugge). Formeel sjoen waard Hollân tusken Loadewyk en Willem ferdield, mar út ferskillende boarnen bliek dat Willem de echte hearsker fan Hollân wie. Yn 1207 wist Loadewyk syn frou frij te krijen. Mar hy moast dêrmei wol syn oanspraken op Hollân opjaan. Yn 1208 naam Willem de titel Greve fan Hollân oan.