Durk VII fan Hollân
Durk VII (11?? - Dordrecht, 4 novimber 1203) wie greve fan Hollân en Seelân fan 1190 ôf.
Libben
bewurkje seksjeDurk wie de soan fan Floaris III en Ada fan Skotlân. Hy folge syn heit op neidat dy yn 1190 stoarn wie by de tredde krústocht.
Yn 1186 troude hy mei Aleid fan Kleef yn Loosduinen, Aleid wie de dochter fan greve Durk IV fan Kleef. Ut dit houlik binne trije bern fuortkomd, allegear dochters, Ada, Aleidis en Petronella. Omdat Durk gjin soannen hie makke hy Hollân erflik foar froulju.
Keizer Hindrik VI fan it Hillige Roomske Ryk wie yn oarloch mei de troch de paus stipe keizer Otto IV en moast moaie dingen útdiele om freonen te meitsjen. Yn ruil foar stipe joech hy Diederik VII de Grutte of Hollânske waard (dat wie fan it bisdom Utert) en krige it rjocht om tol te heffen fan Flaamske hannelers by Gearflyt. Dêrby krige Durk VII yn 1196 it tydlike regear oer it prinsdom Utert en koe hy syn omke Durk fan Hollân as biskop fan Utert oanstelle. Neidat keizer Hindrik VI yn 1197 ferstoar en opfolge waard troch syn fjouwerjierrige soan, feroare Durk fan partij en stipe Otto IV.
De Bruorrestriid
bewurkje seksjeNeidat syn jongere broer Willem, dy’t syn heit begelaat hie by de tredde krústocht, yn septimber 1191 weromkaam, kaam der al gau rebûlje tusken de nije greve en syn broer. Willem socht dêrom stipe by de opstannige Friezen.
Durk koe op dat stuit net fuort út Seelân. Dêrom stjoerde hy syn frou Aleid mei in leger nei West-Fryslân. Yn novimber 1195 kaam it ta in treffen tusken Aleid en har sweager Willem. Aleid wist it gefjocht nei har hân te setten. Se kocht de lieders fan de doarpen Alde Niedorp en Winkel om.
Uteinlik waard it skeel tusken de beide bruorren bylein en krige Willem it bestjoer oer it greefskip Midden-Fryslân. Troch dy funksje kamen de bruorren al gau wer yn konflikt.
Hindrik de Kraan, hear fan De Kúnder, gie op plondertochten yn midden Fryslân. Willem naam wraak en ferneatige de boarch fan De Kúnder. Dizze Hindrik fan De Kúnder wie lienman fan de Biskop fan Utert. Durk VII hie fan Hindrik VI yn 1196 it tydlike regear krigen oer it bisdom Utert en syn omke Durk I fan Hollân as Biskop fan Utert oanstelle litten. Durk VII koe net tastean dat syn broer de besittingen fan it bisdom Utert fernielde en liet Willem troch Hindrik fan De Kúnder finzen nimme.
Willem koe ûntsnappe en flechte nei Otto I fan Gelre. Durk VII wie as hearsker fan it bisdom Utert nammentlik yn konflikt kaam mei Otto fan Gelre omdat dizze it Oersticht bemachtigje woe. Durk VII fersloech Otto by de Grebbeberch.
De oarloch mei Brabân
bewurkje seksjeDizze Otto fan Gelre rôp yn 1202 de help yn fan Durk VII omdat hy yn konflikt kaam mei it hartochdom Brabân. Durk gie mei syn legers nei Brabân ta en fernielde op 7 septimber 1202 de stêd De Bosk.
Op de weromreis rekke hy by Heusden yn gefjocht mei it sterke leger fan de hartoch fan Brabân. Durk waard finzen nommen en pas nei it beteljen fan in heech bedrach en it oanfearden fan in ûngeunstich fredesfoarstel, waard hy frij litten. Net allinnich it diel fan syn gebiet besuden it Hollânsk Djip mar ek oer Súd-Hollân moast hy de Brabânske Hartoch as lienhear erkenne. Foar it oare diel fan Hollân waard de nije biskop fan Utert de lienhear. Dêrtroch ferlear Hollân syn oerwicht op de noardlike Nederlannen. Doe't Durk VII in pear jier letter ferstoar waard hy opfolge troch syn ienige noch libjende dochter, Ada fan Hollân.