Hindrik de Kraan
Hindrik I fan De Kúnder, Hindrik de Kraan ek Hindrik de Kraanfûgel, Henricus Grus, (* foar 1195 - † foar 1 augustus 1213 ), wie lienman fan de biskop fan Utert.
It wie in tiid fan gaos, yn Fryslân wie de striid tusken Skier en Fet, yn Hollân in partijstriid en de bisskopstitel fan Utert waard betwiste. Ut syn kastiel oan de Sudersee wei docht Hindrik fan de Kúnder allegeduerigen ynfallen yn Midden-Fryslân en plondert ek keapfardijskippen. Greve Willem lit dêrom in slot bouwe by Eastersee, net fier fan De Kúnder. No hie Durk VII fan Hollân fan Hindrik VI yn 1196 it tydlik bewâld oer it bisdom Utert takend krigen, en syn omke Durk fan Hollân as biskop fan Utert oanstelle litten. Dirk VII koe dus net tastean dat syn broer besittings fan it bisdom Utert fernielde, en liet Willem fan Hollân troch Hindrik fan De Kúnder finzennimme op kastiel Horst yn Rhenen. Willem ûntsnapte lykwols en flechte nei Gelre. Yn 1196 fiert Hendrik ûnder oanfiering fan biskop Boudewyn fan Hollân (? -1196) striid mei dy syn neef greve Willem fan Hollân. Oan de kant fan De Kúnder falle 500 deaden en it kastiel De Kúnder wurdt sljochte yn 1195. Hindrik flecht nei Durk VII fan Hollân en wurdt mei earebetoan ûntfongen.
Hearen fan De Kúnder
bewurkje seksjeHindrik Kraan wie de stamfaar fan de hearen fan De Kúnder en moat in man fan kwizekwânsje west hawwe. Wêr't it fieren fan de grevetitel weikomt is net bekend. Harren lânhearlikheid docht lykwols bliken út it rjocht om gouden en sulveren munten te slaan. Yn 1385 hawwe se oan De Kúnder in hânfest jûn en yn 1415 oan Urk en Emmeloard. Harren ynfloed op see moat ek fan betsjutting west hawwe. De hearlikheid De Kúnder wurdt yn 1407 troch Herman II ferkocht oan de biskop fan Utert. It famyljewapen bestiet út in skyld fan goud mei fiif reade skeanbalken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|