Lockheed C-5 Galaxy

(Trochferwiisd fan Lockheed C-5)
Lockheed C-5 Galaxy


Rol Frachtfleantúch
Makker Lockheed Corporation, Lockheed Martin
Untwerper
Earste flecht 30 juny 1968
Yn tsjinst 1969
Ut tsjinst yn tsjinst
Tal makke 131 (C-5A: 81, C-5B: 50)
Farianten

De Lockheed C-5 Galaxy is in militêr transportfleantúch dat oarspronklik ûntwurpen en makke waard troch Lockheed, mar no ûnderholden en by de tiid holden wurdt troch Lockheed syn opfolger Lockheed Martin.

De Galaxy makke foar it earst in proefflecht op 30 juny 1968. Fan de 131 makke tastellen wiene ein 2012 noch 73 yn tsjinst by de US Air Force.

Dizze fleanmasine wurdt troch it Amerikaanske leger brûkt om grutte dingen te ferfieren. It laadrom is tagonklik troch de noas omheech te setten en troch in grutte laaddoar efter ûnder de sturt. De Galaxy hat in protte oerienkomsten mei syn foargonger, de lytsere Lockheed C-141 Starlifter en de lettere Boeing C-17 Globemaster III. It is it grutste Amerikaanske transportfleantúch en ien fan de grutste fan de wrâld.

De USAF brûkt de C-5 sûnt 1969. It tastel waard ynset by alle grutte Amerikaanske militêre operaasjes sûnt dy tiid, lykas yn Fjetnam, Irak, Joegoslaavje en Afganistan; teffens ta stipe fan Israel ûnder de Jom Kippoer-oarloch en by operaasjes yn de Golfoarloch. De Galaxy waard ek brûkt by humanitêre aksjes (yn dat ramt stoarte 4 april 1975 in C-5 del by Saigon yn Fjetnam ûnder in militêre rêdingsaksje fan oarlochsweesbern) en by ferfier fan guod by natuerrampen en by it Amerikaanske Space Shuttle-programma.

Spesifikaasjes

bewurkje seksje
 
Lockheed C-5 Galaxy
Ofmjittings en prestaasjes Gegevens C-5B Galaxy Gegevens C-5M Super Galaxy
Langte: 75,53 m
Spanwiidte: 67,88 m
Fleugeloerflak: 575,98 m²
Draachflak belêsting: 7,99
Oerflakbelêsting fleugel:
  • Minimaal (leech): 295 kg/m²
  • Nominaal (normaal startgewicht): ?
  • Maksimaal (maks. tartgewicht): 659 kg/m²
  • Minimaal (leech): 299 kg/m²
  • Nominaal (normaal startgewicht): 606 kg/m²
  • Maksimal (maks. startgewicht): 661 kg/m²
Hichte: 19,34 m
Ofmjittingen frachtrom:

Langte: 37 m
Breedte: 5,8 m
Hichte: 4,1 m

Gewicht leech: 169.643 kg 172.370 kg
Normaal startgewicht: ? 348.818 kg
Maks. startgewicht: 379.657 kg 381.024 kg
Maksimale belading: 118.387 kg of oant 345 soldaten 122.472 kg of oant 345 soldaten
Tankkapasiteit: 193.620 liter
Heechste faasje: 919 km/o (op 7.620 m) 932 km/o (op optimale fleanhichte)
Krúsfaasje: 880 km/o (op 7.620 m) ?
Tsjinstplafond: 10.900 m ?
Maks. klimfaasje: 8,75 m/s 9,14 m/s
Fleanberik: 4.440 km (by maks. lading)
(4.390 km by de C-5A-ferzje)
  • 5.481 km (by maks. lading)
  • 9.565 km (by 60 ton lading)
Fleanberik mei ekstra tanks: 10.411 km 12.936 km
Startbaan min.: 2.600 m ?
Lâningsbaan min.: 1.100 m ?
Lâningsfaasje: 225 km/o ?
Bemanning: Fiif bemanningsleden standert plus oant 15 man yn it foarste part fan de kabine
Oandriuwing: Fjouwer TF39-GE-1C-Turbofans fan 191,34 kN Fjouwer F138-GE-100-Turbofans fan 222,41 kN
Ferhâlding driuwkrêft-gewicht:
  • Maksimaal (gewicht leech): 0,46
  • Nominaal (normaal startgewicht): ?
  • Minimaal (maks. startgewicht): 0,21
  • Maksimaal (gewicht leech): 0,53
  • Nominaal (normaal startgewicht): 0,26
  • Minimaal (maks. startgewicht): 0,24