Lockheed C-141 Starlifter

Lockheed C-141 Starlifter


Rol Militêr transportfleantúch
Makker Lockheed Martin
Earste flecht 17 desimber 1963
Yn tsjinst April 1965
Ut tsjinst Maaie 2006
Tal makke 285 (1963–1968)
Brûkers United States Air Force, NASA
Farianten C-141A, C-141B, SOLL II, C-141C

De Lockheed C-141 Starlifter wie in strategysk militêr transportfleantúch yn tsjinst fan de Amerikaanske loftmacht. De spesifikaasjes foar it tastel waarden yn 1960 opsteld. It tastel wie ornearre om doetiidsk tsjinjende tastellen lykas de C-124 Globemaster II te ferfangen. It prototype fan de C-141 makke syn earste flecht yn 1963 en de earste tastellen waarden yn 1965 ôflevere. Totaal binne der 285 stks levere, it grutste part oan it militairy airlift command en ien foar de NASA.

C-141A as fleanende teleskoop (KAO) fan de NASA

Fan 1997 oant 1999 waarden 64 masines modernisearre. Dy tastellen waarden útrist mei in digilale cockpit, GPS en oare navigaasje- en ferdidigingselektroanika. Sy waarden oantsjut mei C-141C.

De Starlifter waard brûkt oant 5 maaie 2006, doe't de lêsten ferfongen wiene troch de C-17 Globemaster III.

Technyske gegevens

bewurkje seksje
Gegevens C-141A C-141B/C
Langte: 44,2 m 51,3 m
Spanwiidte: 48,8 m 48,8 m
Hichte: 12,0 m 12,0 m
Fleugeloerflak: 300 m² 300 m²
Maks. lading: 28,8 t 42,5 t
Maks. gwicht by de start: 143,6 t 147,0 t
Heechste faasje: 919 km/o 912 km/o
Fleanberik:
(mei maks. lading)
6.566 km 4.723 km
Oandriuwing: Fjouwer Pratt & Whitney TF33-P-7 mei in driuwkrêft fan 91 kN
Bemanning: Fiif (piloat, ko-piloat, twa boardwurktúchkundigen, ien laadmaster)