Geakunde

(Trochferwiisd fan Lokale skiednis)

Geakunde, ( ek wol:hiemkunde) is kennis fan en ûndersyk nei de eigen leefomjouwing. It giet faak om skiednis en dialekt fan in bepaald wenplak. Ynteressearden foarmje faak meiïnoar in feriening (geakundich wurkferbân) of âldheidkundige feriening.

Geakundige ferienings binne faak dwaande mei de skiednis fan harren gemeente. Dit kin op in soad manieren. Geakundige ferienings publisearje faak in tydskrift, beheare lokaal erfgoed en organisearje ferskate ledenaktiviteiten. Tsjintwurdich binne de ferienings faak aktyf op it ynternet, al as net ûnder de foarm fan in doarpswebstee. De aktiviteiten fan geakundige ferienings en âldheidkeamers wurde faak fersterke troch in regionaal sintrum foar skiednis. Sa rinne in soad kontakten op it mêd fan geakunde troch de Fryske Akademy en ferbynt bygelyks yn Noard-Brabân de stifting "Brabants Heem" de geakundige rûnten en histoaryske ferienings.

Johan Jacob Spahr van der Hoek en Karel Gildemacher publisearren in soad oer de geakunde yn Fryslân.

Geakundige siden yn de Wikipedy, karút:

Keppeling om utens

bewurkje seksje