Lolita (Ingelsk; it is in famkesnamme, in Spaanske ferkoarting fan de namme Dolores) is it roman út 1955 troch de Russyske skriuwer Vladimir Nabokov, útjûn in Parys troch Olympia Press. Sels hat er letter in protte dien oan it oersetten fan boeken nei it Russysk ta, en syn eigen boek wie dêr ien fan. It boek waard yn 1962 ferfilme troch Stanley Kubrick en yn 1997 nochris troch Adrian Lyne.

Omslach fan de earste, Ingelske, edysje fan Lolita troch Vladimir Nabokov.

In man, berne yn 1910, wurdt fereale op in fanke fan 12, en it ferhaal folget harren avontoeren. Om't it skreaun is fan de optyk fan de dieder, dy't yntusken ferstoarn is, witte wy net, at it fanke misbrûk makket fan syn ferealens, of dat hy har ferkrêfted, of dat hja wier beide fereale binne.

It is net sa dat der in protte geslachtsferkear yn it ferhaal foarby komt, mar allinnich al it idee dat in folwoeksene fereale wêze koe op in fanke, soarge yn de Feriene Steaten foar in protte opskuor.

Begjinrigels

bewurkje seksje

De iepeningssin fan Lolita waard op plak 5 keazen fan de American Book Reviews list fan bêste iepeningssinnen.[1] Lolita, myn libbensljocht, myn lendefjoer. Myn sûnde, myn siel. Lo-lie-ta: de tongpunt sakket trije treden it ferwulft ôf en tikket by trije tsjin'e tosken. Lo. Lie. Ta. Se wie Lo, gewoan Lo, as se mei har ien meter fyftich moarns mei ien sok oan stie. Se wie Lola yn in lange broek. Se wie Dolly op skoalle. Se wie Dolores as se earne har namme ûnder sette. Mar yn myn earmen wie se altyd Lolita.

Fertaling yn it Nederlânsk

bewurkje seksje

Yn 1958 ferskynde de Nederlânske oersetting fan Lolita troch Maurice Sigismund (Bob) Coutinho, wêrmei't Uitgeverij Oisterwijk wrâldwiid de earste útjefte bûten it Ingelske taalgebiet fersoarge. Hans Renders, [2] Nabokov wie razend entûsjast oer de tekeningen fan P.H.van der Harst. Hy fûn it 'ynnimmend' hoe't se de 'oandwaanlike bekoarlikens fan it earme bern' troffen hiene. De Bezige Bij brocht yn 1994 in twadde oersetting út fan de hân fan Rien Verhoef.

Lolita waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Kulturele ynfloed

bewurkje seksje

De beneaming lolitapornografy, foar in sjenre fan 'e pornografy dat draait om jong lykjende aktrises, is ûntliend oan 'e titel fan dizze roman.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: