Lolitapornografy is in foarm of sjenre fan pornografy wêrby't de aktrises oer it algemien sa ticht mooglik tsjin 'e minderjierrigens oan sitte (18 of 19 jier) of spylje dat se dat dy leeftyd hawwe. Faak hawwe se dêrby ek seksuële omgong mei âldere (of alteast âlder útsjende) manlike tsjinspilers. De dynamyk dy't it ferskil yn âldens opsmyt, is wêr't pornografysk materiaal fan dit soarte fierhinne om draait. Lolitapornografy kin men behalven oan 'e jong útsjende aktrises wer oan 'e hierdracht fan 'e aktrises (faak hawwe se it hier yn ien of twa hynstesturten of yn frissels), oan 'e meastal fel kleure klean fan 'e aktrises en oan harren goedkeape plestiken en net selden ek fel kleure earmbannen, halskeatlings en hierbantsjes. Al dy eleminten binne bedoeld om 'e sjogger wiis te meitsjen dat de aktrise sa jong mooglik is.

De namme fan lolitapornografy is ûntliend oan 'e literêre roman Lolita, út 1955, fan 'e Russysk-Amerikaanske skriuwer Vladimir Nabokov, dy't foarhinne gauris sinsurearre waard, mar dy't no rûnom as in masterwurk beskôge wurdt. It ferhaal giet oer in saaie wittenskipper dy't obsedearre is troch jonge famkes, en him op in reis oan Lolita, de tolvejierrige dochter fan syn hospita, besiket te fertaasten. Lolita is lykwols net sa ûnskuldich as se derút sjocht en der ûntstiet in koarte mar yntinse relaasje. Nei't Lolita de haadpersoan foar in oare man ferlit, slacht dy troch en rint it ferhaal ferkeard ôf.

Lolitapornografy biedt folwoeksenen in legale manear om te fantasearjen oer jonge famkes, en is dêrom al lange tiid tige populêr. It tsjinstelde fan lolitapornografy is milfpornografy, wêrby't âldere froulju seksuële omgong hawwe mei jongere (of jonger útsjende) manlike akteurs. Aktrises dy't bekend wurden binne troch harren wurk op it mêd fan lolitapornografy binne bgl. Henessy, Sandy Milz, Paulina Seikola en Britney Spring. In filmstudio dy't him sterk taleit op 'e produksje fan lolitapornografy is it Nederlânske Video Art Holland, dat behalven pornofilms ek û.m. de pornoblêden Chick en Seventeen útjout.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.