Paulina Seikola

Paulina Seikola, echte namme ûnbekend (yn Ruslân, 7 oktober 1989), is in rêstend Russysk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Russysk-Mongoalsk[2] etnysk komôf. Hja makke ek wol gebrûk fan 'e artystenammen Yasmine, Verunka en Irenka, en, yn mindere mjitte, fan Alba, Abigail, Danielka, Sandra, Valeska en Vera. Hja sette yn 2008 útein mei in wurkpaad yn 'e pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2012 beëinige Seikola har karriêre as pornoaktrise.

Paulina Seikola
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Paulina Seikola.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Yasmine, Verunka, Irenka,
Alba, Abigail, Danielka,
Sandra, Valeska, Vera
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Flag of Russia.svg Russysk
berne 7 oktober 1989
berteplak ûnbekend (Ruslân)
etnisiteit Flag of Russia.svg Russysk
Flag of Mongolia.svg Mongoalsk[1]
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20082012
offisjele webside
gjint

Libben en karriêreBewurkje

Seikola waard yn 1989 earne yn Ruslân berne. Yn 2008, doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn in stik as tritich pornofilms, wêrby't se sawol yn 'e Jeropeeske as yn 'e Amerikaanske pornoyndustry wurksum wie. Seikola lei har benammen ta op it sjenre fan 'e lolitapornografy, en gie dêrby ek anale seks en dûbele penetraasjes net út 'e wei.

Yn Jeropa wie se û.m. yn 't spier foar it Nederlânske Video Art Holland, wylst se yn 'e Feriene Steaten wurke foar sokke foaroansteande labels as New Sensations, Evil Angel, Digital Sin en Devil's Film. Njonken har aktearwurk posearre Seikola ek ferskate kearen as neakenmodel foar guon neakenblêden. Yn 2012 loek hja har út 'e pornoyndustry werom.

LichemsskaaimerkenBewurkje

Paulina Seikola is fan mingd blank en mongoloïde ras, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 50 kg, en in natuerlike kupmaat 34C. Hja hat gjin piercings en likemin tatoeaazjes.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Biografyske gegevens fan Paulina Seikola
  2. Biografyske gegevens fan Paulina Seikola