Sandy Milz, echte namme ûnbekend (12 maart 1990), is in Russysk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol wurke hat ûnder de skûlnammen Maria K., Maggie, Dora, Kapriznaya, Tammy en Tijana.

Sandy Milz
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Maria K., Maggie, Dora,
Kapriznaya, Tammy, Tijana
echte namme ?
nasjonaliteit Russysk
berne 12 maart 1990
berteplak ? (Ruslân)
etnisiteit Russysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Milz waard yn 1990 berne yn Ruslân. Hja makke yn 2009, doe't hja 19 jier wie, har debút yn 'e pornoyndustry. Dêrby foel se al gau op troch har lichte lichemsbou, mei in lingte fan 1.62 m, in gewicht fan 41 kg en natuerlik A-kupboarsten. Se lei har benammen ta op it meitsjen fan lolitapornografy.

Milz hat fral yn 't spier west foar pornoblêden en websiden op it ynternet, wêrûnder ClubSeventeen.com, TeenSexMania.com, TeenStarsOnly.com, FuckStudies.com en 21Sextury.com. Dêrnjonken hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn acht pornografyske films spile, ûnder mear foar de studio's Cherry Vision, Juicy Entertainment, Sunset Media, Sinful Pictures en Wildlife.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: