Lomé

(Trochferwiisd fan Lomee)

Lomé is de haadstêd fan Togo. De stêd is it bestjoerlike en yndustriële sintrum mei de grutste haven fan it lân.

Lomé
Bestjoer
Lân Togo
Sifers
Ynwennertal 837.437 (2010)
Oerflak ± 90 km²
Befolkingsticht. 9.297 km²
Hichte 5 - 30 m
Oar
Stifting 18e iuw
Koördinaten
Boulevard 13, Lomé

Lomé leit oan de Golf fan Guinee (oan de Atlantyske Oseaan. De stêd hat lichte yndustrie, mar ek in oaljeraffinaderij en eksportearret ûnder oaren kakao, kopra en kofje. Lomé is ek it medysk en ûnderwiissintrum (Unversiteit fan Lomé) foar hiel Togo. Ut Lomé wei rinne wegen nei Boerkina Faso en dêrwei nei Maly en Niger, lannen dy't net oan de see lizze, dat de haven hat ek wat te betsjutten foar de omlizzende lannen.

Yn 1975 waard yn Lomé de Konfinsje fan Lomé sletten tusken de Jeropeeske Mienskip en de ACS-steaten.

Ynwennertal Lomé
1892 1 500
1896 2,000
1900 3,000
1904 4,000
1907 6,000
1911 8,000
1930 15,000
1938 18,000
1950 33,000
1955 43,000
1960 85,000
1970 186,000
1981 375 499
1990 450,000
1997 573,000
2006 737,751

Berne yn Lomé

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje