Haadmenu iepenje
Loudon Wainwright III op 13 july 2003 yn Dútslân

Loudon Wainwright III (berne 5 septimber, 1946 yn Chapel Hill, North Carolina) is in Amerikaanske sjonger/lieteskriuwer, akteur en humorist.

BiografyBewurkje

Wainwright is yn Amearika by in grut publyk bekend fanwege wat er sels "my one-and-only-hit" neamd, dêrby doelend op it nûmer "Dead Skunk (in the Middle of the Road)", dêr't hy yn 1972 yndie in beskieden hit mei hie. Fierder hat Wainwright yn 1975 in rol hân yn 3 ôfleveringen fan de bekende TV-searje M*A*S*H en spile hy yn de film The Aviator.

Benammen as folksjonger fan skerpe humoristyske lieten, faak fol fan selsspot, songen mei syn typyske stim mei hege úthalen, hat Loudon Wainwright III sûnt it begjin fan de 70-er jierren reputaasje makke. Hy makke oant no (2005) ta mear as 20 albums. Nei eigen sizzen is hy dêrby yn de begjintiid ynspirearre troch it optreden fan Bob Dylan op it Newport Folk Festival yn 1962.

Syn heit, Loudon S. Wainwright, Jr., wie in bekende skriuwer en redakteur fan it blêd Life magazine, wylst syn mem, Martha T. Wainwright, faam hie as jogalearaar. Wainwright groeide op yn Bedford, New York. Hy stamt yn rjochte line ôf fan Peter Stuyvesant. Syn ienige suster, Sloan Wainwright, is ek sjonger.

Wainwright hat troud west mei de Kanadeeske sjonger Kate McGarrigle. De twa bern út dat houlik hawwe beide it fak fan harren âlders oernommen: sawol soan Rufus Wainwright as dochter Martha Wainwright binne sjonger/lieteskriuwer.

FoarbyldBewurkje

Op Loudon Wainwright syn webstee is it nûmer "Presidents Day" (MP3, 6MB, lingte 4 min. 19 sek.) fergees del te heljen.

DiskografyBewurkje

  • Loudon Wainwright III (1970)
  • Album II (1971)
  • Album III (1972)
  • Attempted Moustache (1973)
  • Unrequited (1975)
  • T Shirt (1976)
  • Final Exam (1978)
  • A Live One (1979)
  • Fame and Wealth (1983)
  • I'm Alright (1985)
  • More Love Songs (1986)
  • Therapy (1989)
  • Fame and Wealth/I'm Alright (1991)
  • History (1992)
  • Career Moves (1993)
  • One Man Guy: The Best of Loudon Wainwright III 1982-1986 (1994)
  • Grown Man (1995)
  • Little Ship (1997)
  • BBC Sessions (1998)
  • Social Studies (1999)
  • Last Man on Earth (2001)
  • So Damn Happy (2003)
  • Here Come The Choppers! (2005)
  • Strange Weirdos (2007)
  • Recovery (2008)
  • High Wide & Handsome (2009)
  • 10 Songs for the New Depression (2010)
  • Older Than My Old Man Now (2012)
  • Haven’t Got the Blues Yet (2014)

FilmografyBewurkje

  • Knocked Up .... gynekolooch
  • For Your Consideration (2006) .... Ben Connelly
  • Elizabethtown (2005) .... Omke Dale
  • The 40-Year-Old Virgin (2005) .... Preester
  • The Aviator (2004) .... Cocoanut Grove sjonger #2
  • Big Fish (2003) .... Beamen
  • Undeclared (2001) TF-searje .... Hal Karp
  • 28 Days (2000) .... Guitaarman
  • Jacknife (1989) .... Ferretti
  • The Slugger's Wife (1985) .... Gary
  • M*A*S*H (1975) ... Kapt. Calvin Spaulding, de sjongende sjirurch

Keppeling om utensBewurkje