Louis Adriën Bähler

Louis Adriën Bähler (Kesteren, 2 oktober 1867 - Paterswolde, 22 maart 1941) wie in teolooch en kristen-anargist.

Louis Adriën Bähler om 1906

Louis Bähler kaam út in Switsersk predikantelaach dêr't keunst en kultuer in wichtich plak hiene; syn oerpake wie Louis Henri Bähler, ién fan de foaroanmannen fan It Réveil. Bähler stie as predikant op Skiermûntseach (1895), yn Easterwâlde (1902) en Aduart (1909). Op Skiermûntseach hold er lêzingen oer natoer en Boedisme en krige rillegau rûzje mei de fiskers om't er it foar de seehûnen opnaam. Yn Easterwâlde waard Bähler op hannen droegen. Dêr wie it ek dat er út reden fan Boedistyske sympatyen skeel mei it Pronvinsjaal tsjerkebestjoer krige (1905), mar hy waard frijsprutsen.

Yn 1911 joech er syn amt oer en ferliet de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. Hy naam as anargo-sosjalist diel oan de Fredebeweging (mei Felix Ortt en Lodewijk van Mierop), wie strider foar hielûnthâlding, fegetarisme, anty-militarisme en stifte de Rein-Leven-beweging. Naam diel oan de Ynternasjonale Bruorskip yn Blaricum.

Bähler wie in geleard teolooch en skreau in protte boeken. Syn frou G. Bähler-Boerma wie de 'geastlike mem fan de folkshûzen'.

In kar:

  • J.J. Kalma, 'Dr. Louis Adriën Bähler, een verwoester der kerk', yn Ljouwerter Krante , 31-12-1976;
  • Frans Becker en Johan Frieswijk, Bedrijven in eigen beheer. Kolonies en produktieve associaties in Nederland tussen 1901 en 1958 (Nijmegen 1976);
  • Maria W.J.L. Boersen, De kolonie van de Internationale Broederschap te Blaricum (Blaricum 1987);
  • Sietse Visser, De kleurrijke aanstichter van de Gereformeerde Bond, yn Hervormd Nederland , 4-5-1996;
  • Marcel Poorthuis en Theo Salemink, Lotus in de Lage Landen De geschiedenis van het boeddhisme in Nederland. Beeldvorming van 1840 tot heden (Almere 2009).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: