Louis Lucien Bonaparte
Lodewijk Lucien Bonaparte (bûtenpleats Thorngrove (Grimley, Worcestershire), 4 jannewaris 1813 – Fano, 3 novimber 1891) wie in taalkundige en politikus.
Hy wie de tredde soan fan Lucien Bonaparte dat in neef fan Napoleon I. Hy waard 22 maart 1815 prince français mei it predikaat Keizerlike Heechheid. Op 21 febrewaris 1853 waard hy erkend as prins Bonaparte mei it predikaat Heechheid.
Hy waard grut yn Itaalje en gie earst yn 1848 nei Frankryk. Dêr wie er twa koarte skoften lid fan de Wetjaande Gearkomste as ôffurdige fan Korsika (1848) en de Seine (1849). Nei de delfal fan syn neef Napoleon III yn 1870 gie er werom nei Ingelân.
Lodewijk wie in taalkundige dy't benammen dwaande wie mei it yn kaart bringen en klassifisearjen fan de Ingelske en Baskyske dialekten. Syn klassifikaasje fan it Baskysk wurdt noch hieltyd brûkt. Tegearre mei de Nederlanner Willem Jan van Eys (1825-1914) gou er as ien fan de ferneamde baskologen fan syn tiid, al wolle baskologen hawwe dat Bonaparte n'était au fond qu'un amateur (Luis Michelena, 1973). Yn de mande mei fonolooch Alexander J. Ellis brocht er de Ingelske dialekten yn kaart. De Italjaanske en Albaneeske dialekten hie er ek niget oan.
Loadewyk boaske trijeris en hie by syn twadde frou Clémence Richard ien soan, Lodewijk Clovis Bonaparte.
-
Carte des sept Provinces Basques
-
Carte des sept Provinces Basques