Lucia van Aerssen van Sommelsdijk
Lucia van Aerssen van Sommelsdijk, frouwe fan Den Bommel (Den Haach, 16 febrewaris 1649 – Wiuwert, 1707) wie in Nederlânsk lid fan de húsgemeente fan de labadisten.
Lucia van Aerssen van Sommelsdijk | ||
Lucia van Aerssen om 1670 hinne | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 16 febrewaris 1649 | |
berteplak | De Haach | |
stoarn | 1707 | |
stjerplak | Wiuwert | |
wurkpaad | ||
reden bekendheid |
Labadist, meistichter plantaazje |
Bernetiid en oplieding
bewurkje seksjeLucia groeide op yn in rike grifformearde regintefamylje. Se wie de dochter fan Lucia van Walta en Cornelis van Aerssen van Sommelsdijck en hie twa susters, Maria en Anna. Se wiene befreone mei Anna Maria van Schurman.
Karriêre en neilittenskip
bewurkje seksjeLucia van Aerssen van Sommelsdijk sleat har yn 1669 oan by de Labadisten, in separatistyske religieuze groepearring ûnder lieding fan Jean de Labadie. Sy spile in rol yn de ferhuzing fan de labadisten nei ferskate lokaasjes, wêrûnder Wieuwerd yn Fryslân. Troch de konneksjes fan har famylje koe de labadistemienskip har yn de simmer fan 1675 yn Wiuwert fêstigje op it bûten Waltastate.
Yn 1683 die Lucia mei oan in ekspedysje fan de labadisten nei Suriname, dêr 't har heit Cornelis van Aerssen gûverneur wie. De labadisten stichten yn 1684 de plantaazje Providentia yn Suriname. De plantaazje Providentia stie noch op namme fan 'Juffrou Sommelsdyk' – nei alle gedachten Lucia – doe ’t de ynsekte - en blommeskilderes Maria Sibylla Merian dêr yn 1700 ûndersyk dwaan kaam. Lucia van Aerssen doe al lang wer werom yn Wiuwert.
Houlik en gesin
bewurkje seksjeLucia van Aerssen van Sommelsdijk troude op 21 oktober 1695 yn Wiuwert mei Pierre Yvon. Der wurdt suggerearre dat se mooglik earder al ynformeel ferbûn wiene, dat yn de labadistemienskip gebrûklik wie. Ut it houlik fan Lucia van Aerssen van Sommelsdijk en Pierre Yvon waard mooglik ien soan berne, neamd jonkhear Mari Antoine Yvon.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|