Anna Maria fan Schurman

(Trochferwiisd fan Anna Maria van Schurman)

Anna Maria fan Schurman (Keulen, 5 novimber 1607 - Wiuwert, 4, 5 of 14 maaie 1678) wie in Nederlânske dichteres en gelearde fan Dútsk komôf. Se wie wierskynlik ien fan de meast gelearde froulju fan de 17e iuw dy't alles wist fan keunst, muzyk en literatuer. Ek wie se in echte talekenner, se koe alle moderne Jeropeeske talen prate lykas: Dútsk, Ingelsk, Frânsk en Nederlânsk mar koe ek Latynsk, Gryksk, Hebriuwsk, Arabysk, Aldsyrysk, Arameesk en Etiopysk.

Anna Maria fan Schurman, 1649 skildere troch Jan Lievens
Anna Maria fan Schurman, selsportret (1633)
litho, tusken 1830 en 1845

Libben bewurkje seksje

Se wie de dochter fan rike âlden, Frederik fan Schurman en Eva fan Harff de Dreiborn. It wie al gau dúdlik dat it famke Anna hiel tûk wie. Op har fjirde koe se al lêze. Yn dy tiid wie dat hiel bysûnder.
Yn 1613 nei de dea fan har heit ferhuze se nei Utert, mei har mem en twa muoikes. Yn 1636 studearre se as de earste froulike studint op de Universiteit fan Utert. Froulju mochten yn dy tiid eins net studearje, as Anna les krige dan moast se efter in grut gerdyn sitte sadat de manlike studinten har net seagen. Anna hie ferskate ynteresses lykas literatuer en ferskillende takken fan wittenskip mar se wie foaral ynteressearre yn Teology. Se wie ynearsten in folgeling fan Gisbertus Voetius, mar waard letter in folgeling fan Jean de Labadie, hoewol't hja befreone bleau mei de famylje Voetius.

Anna Maria wie ek hiel keunstsinnich, sy makke gravueres. Dat die se troch mei diamant op glês te skrassen. Se waard in ekspert op it gebiet fan byldhouwen; se koe goed modellen meitsje fan bijewaaks, ek wie se goed yn it snijen yn ivoar en hout. Se skildere en dan benammen portretten.

Yn 1664 moete se Jean de Labadie, in Jesuit dy’t bekeard wie ta it protestantisme. Hy starte in religieuze sekte mei de namme Labadisme. Anna Maria wie fassinearre troch Labadie en syn ideeën waarden in help yn it libben fan Anna Maria. De sekte ferhuze nei Amsterdam mar wie dêr net wolkom. Se ferhuzen noch in kear, no nei Altona (doe Denemark, en no Dútslân), dêr ferstoar Jean de Labadie yn 1674. Dêrnei ferhuze de groep nei Wiuwert yn Fryslân, dêr't Anna Maria sels ferstoar. It Labadisme ferdwûn likernôch 70 jier letter.

Publisearre wurk bewurkje seksje

In kar:

  • Se publisearre 'of de stúdzje fan literatuer past by in Kristlike frou?' It is earst yn it Nederlânsk drukt, letter is it fertaald yn it Frânsk en Ingelsk.
Se fûn dat froulju nei skoallen mochten en moasten mar se mochten neat dwaan mei harren oplieding, in stúdzje mocht net de húslike taken bedjerre. Foar dy tiid wie dit in radikale posysje.
  • Anna Maria publisearre har lêste wurk "Eucleria" (1673) mei de stipe fan Jean de Labadie.

Ferneamd bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

  • Mirjam de Baar e.o. red., Anna Maria van Schurman (1607-1678), een uitzonderlijk geleerde vrouw (Sutfen 1992)
  • Pieta van Beek, The First Female University Student: Anna Maria van Schurman (1636), Igitur Utrecht Publishing (2010) (hjir te laden)

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje