Luitenant-fjildmaarskalk
In luitenant-fjildmaarskalk (Dútsk: Feldmarschalleutnant) wie in opperofsier fan hege rang yn 'e kriichsmacht fan it eardere Eastenryk-Hongarije. Dizze rang wie rûchwei ekwivalint mei de rangen fan generaal-majoar of brigadegeneraal.
Skiednis
bewurkje seksjeDoe't yn 1920 de Bûnsrepublyk Eastenryk it systeem fan militêre rangen oernaam dat yn Dútslân yn gebrûk wie, waard de wat tipelsinnige rang fan luitenant-fjildmaarskalk ôfskaft. Yn 1933, lykwols, waard yn Eastenryk it âlde rangestelsel fan 'e Dûbelmonargy wer ynfierd, mei as gefolch dat de luitenant-fjildmaarskalk wer weromkearde. Nei de Anschluss fan Eastenryk by nazy-Dútslân, yn 1938, ferdwûn dizze rang op 'e nij, en no foargoed út it Eastenrykske leger. Yn Hongarije bleau de rang fan luitenant-fjildmaarskalk (Hongaarsk: altábornagy) noch oant 1945 yn gebrûk.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze side. |