Luitzen Johannes Oosterhoff

Luitzen Johannes Oosterhoff (Ljouwert, 6 april 1907 - Leien, 20 july 1974) wie skiekundige en heechlearaar. Oosterhoff studearre skiekunde oan de universiteit fan Leien. Nei syn eksamen yn 1937 kaam Oosterhoff yn tsjinst fan de Bataafsche Petroleum Maatschappij.

L.J. Oosterhoff (1907-1974)

Nei de Twadde Wrâldoarloch siet Oosterhoff yn de fêste stêf fan it Amsterdamske Shell-laboratoarium. Hy promovearre yn 1949 by Kramers op in proefskrift mei de titel Restricted free rotation and cyclic molecules.

Ek doe't er yn 1967 beneamd waard ta gewoan heechlearaar yn Leien, bleau er oant 1971 adviseur by de Shell. Yn1963 waard er beneamd ta lid fan de ôfdieling natuerkunde fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen en yn 1974 krige er in earedoktoraat fan de Universiteit fan Zürich.

Keppeling om utens

bewurkje seksje