Luma Carioca, echte namme ûnbekend (Rio de Janeiro, 9 maaie 1966), is in rêstend Brazyljaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol wurke hat ûnder de skûlnamme Luma Tropical.

Luma Carioca
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Luma Tropical
echte namme ?
nasjonaliteit Brazyljaansk
berne 9 maaie 1966
berteplak Rio de Janeiro (Brazylje)
etnisiteit Brazyljaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19951996
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Luma Carioca waard yn 1966 berne yn 'e Brazyljaanske wrâldstêd Rio de Janeiro, dêr't hja ek opgroeide. Yn 1995, doe't se 29 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se yn totaal yn seis pornofilms, wêrûnder twa fan it Sweedske Private-label (Private Castings X 20 en Samba), en ien fan 'e foaroansteande Amerikaanske studio VCA Pictures (Tropica Erotica). Ek wurke se foar de minder bekende Amerikaanske labels Video Team en Leisure Time Entertainment.

Njonken har aktearwurk wie Carioca ek as neakenmodel aktyf. Neffens har offisjele opjefte wie hja ûnder har karriêre 1.65 m lang, mei in gewicht fan 50 kg en kupmaat 34D, dêr't se oan kommen wie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean. Uteinlik loek se har yn 1996, nei in jier, oardel, út 'e pornoyndustry werom.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: