Lytselollum
(Trochferwiisd fan Lutsjelollum)
Lytselollum is in buorskip yn de gemeente De Waadhoeke. Hy leit súdeastlik fan Frjentsjer yn de Suderpolder, oan de N384 nei Dearsum. De buorskip hat ûngefear 30 ynwenners (2005). It plak wurdt ek neamd as Lollegum, Lutke Lollum en Lutjelollum.
De provinsjale wei Dearsum-Frjentsjer ferdielt de bewenners yn twa dielen. De measten wenje yn it rêstige diel fan Lytselollum, oan de âlde, smelle, slingerjende dyk parallel oan de drokke dyk.
Lytselollum krige wat mear bekendheid troch it telefyzjeprogramma Man bijt hond, dat yn 2005-2006 fan Lytselollum nei Limmel luts "om te sjen wêr't minsken mei dwaande binne".