Luzac
Luzac is in Nederlânsk patrysjerslaach dat oarspronklik út Frankryk komt.
Skiednis
bewurkje seksjeDe stamheit fan de famylje wie Pierre Luzac (om 1620). Hy wie in Frânsk hugenoat en wenne yn Bergerac. Syn soan Jean Luzac (1646-1729) festige him yn 1689 as keapman yn Amsterdam.[1]
Harren neisieten makken harren in wichtige namme yn Nederlân yn de achttjinde iuw. Etienne Luzac (1706-1787) wie útjouwer fan de Gazette de Leyde, Elie Luzac (1721-1796) wie rjochtslearde, lykas ek Johan Luzac (1746-1807), dy't teffens rector magnificus fan de Universiteit fan Leien wie. Emilie Luzac (1748-1788) wie boaske oan Wijbo Fijnje (1750-1809).
Yn de njoggentjinde iuw wie de liberale minister en rjochter Loadewyk Kaspar Luzac (1786-1861) in opfallend persoan fan dit laach.
Yn de tweintichste iuw wurdt de namme Luzac yn 1947 5 kear fûn yn Nederlân en yn 2007 14 kear.[2] Neisiet Eric Jan Luzac (1953) sette yn 1983 út ein mei in partikuliere skoalle, dy't er nei himsels neamde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |