Lycklama-Bosk
Lycklama-Bosk of Lycklama-Bosch wie in state yn Nijemardum yn de gemeente Gaasterlân, no Súdwest-Fryslân. Op it steed fan dit hûs stiet no in pleats. De "griene singel" mei ikebeammen is der noch; dat wie de oprydleane nei it hûs Lycklamabosk.
De state waard nei 1630 boud. Yn 1630 ferkeapje de bern fan Ieme Sybrensin it besit fan harren heit oan grytman Rintcke Lycklama fan Weststellingwerf. Rintcke en syn frou stiftsje dêr in bûtenpleats foar harren soan Hans Lycklama, dy 't yn 1637 grytman fan de gemeente Gaasterlân waard. It hûs bliuwt oant yn de 18e iuw yn de famylje Lycklama. Yn 1710 is Regnerus Lycklama fan Wyckel eigener; yn dat jier wurdt hy grytman fan Gaasterlân. Hy waard ek wol Baron Rengers neamd.
Yn de 19e iuw fererve it yn de famylje Fan Swinderen. De State waard yn 1845 sloopt. Njonken Huze Lycklama Bosk hat in kleaster stien, dat om 1800 hinne sloopt is.
Om 1850 wenne op dizze state Petronella Antonia Rinia fan Nauta, in suster fan Geertruida yn de buert fan har jongere suster Geertruida Wilhelmina Godarda Johanna Rinia fan Nauta, dy't op Riniastate yn Aldemardum wenne. Se wenne grif op de pleats, omdat de state doe al ôfbrutsen wie. It wie in riant bûtenguod op ûngefear in kertier geans fan Riniastate.
Bewenners
bewurkje seksje- - 1630 Ieme Sybrens
- 1630 Rintcke Lycklama fan Weststellingwerf
- ± 1637 Hans Lycklama
- - 18e iuw famylje Lycklama
- 1710 Regnerus Lycklama fan Wyckel eigener
- 19e iuw famylje fan Swinderen
- ± 1850 Petronella Antonia Rinia fan Nauta
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |