Kremaasje

(Trochferwiisd fan Lykferbaarning)

Kremaasje of lykferbaarning is it by hege temperatuer ferbaarnen fan in lyk, dat yn jiske omsetten wurdt.

In kremaasje

Oant 1955 wie de kremaasje yn Nederlân net wetlik regele. Foar 1968 moast men foar it ferstjerren de winsk ta kremearjen fêstlein hawwe, wylst de bou fan krematoariums bûn wie oan in fergunningstelsel en foarbehâlden wie oan ferienings. Yn 1968 waard kremaasje lyksteld oan beïerdiging.

Krematoarium Goutum

bewurkje seksje

It krematoarium fan Ljouwert yn Goutum waard yn gebrûk steld op 29 maaie 1973. It wurdt beheard troch in gearwurkingsferbân tusken de Algemiene Feriening foar Lykferbaaning en de Feriening foar Fakultative Lykferbaarning. Oant maaie 1974 wiene der yn it Goutumer Krematoarium 1070 kremaasjes. It tal personielsleden wie 9.

Krematoarium Nijskoat

bewurkje seksje

Doe't der yn Fryslân mear en mear ferlet kaam fan kremearjen is der in krematoarium yn Nijskoat by komd. Op it terrein fan tsjerke en klokkestoel fan Nijskoat is neist it tsjerkhôf it krematoarium Skoatterhôf boud. It wurdt eksploitearre troch Yarden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: