Lynsiedoalje of koartsein lynoalje is oalje ôfkomstich út de sieden fan oaljeflaaks. Oaljeflaaks heart ta deselde soarte as triedflaaks (flaaks, Linum usitatissimum) mar ferskilt fan triedflaaks trochdat de planten van oaljeflaaks koart en sterk fertakke binne en dy fan triedflaaks lang en in bytsje fertakke. De sieden fan oaljeflaaks besteane foar ûngefear 40% út oalje.

Lynoalje fan in oaljemole
Siedden fan oaljeflaaks
boarne: Koehler (1887)

Lynoalje wurdt makke troch de sieden fan oaljeflaaks út te parsjen. It restant fan de flaakssieden wurdt as lynkoeken foar feefoer brûkt. By de bou fan flaaks foar de oaljeproduksje is dus in hege siedopbringst fan belang.

Lynoalje moat yn donkere flessen beware wurde, omdat de oalje ûnder ynfloed fan (sinne)ljocht yn kwaliteit efterútgiet.

Yndustrieel gebrûk

bewurkje seksje

It product wurdt as rauwe lynoalje, seane lynoalje of as flax oil (flaaksoalje) op de merk brocht. Lynsiedoalje is in wichtich ûnderdiel fan linoleum. Fierders wurdt it brûkt om sjippe en keunsthars te meitsjen. It wurdt ek brûkt yn bôle.

Lynoalje is ien fan de âldste brûkte oaljes en wurdt sûnt iuwen brûkt yn farve en lakken, produkten dy't no wer populêr wurde. Ek wurdt lynoalje brûkt foar it tanen fan fiskersnetten en it behanneljen fan noch net ferve hout. Dabn moat de oalje wol sean of sels dûbeld sean wurde.

Mei lynoalje fersmaorge lapen kinne brângefaarlik wêze. As lapen of kokenpapier mei lynoalje op in bult smiten wurde kin der in eksoterme gemyske reaksje optrede, mei waarmteûntwikkeling ta gefolch. Dit hjit 'broei' en kin ta brân liede. Der wurdt dêrom advisearre om lapen en doeken mei lynoalje der yn, flak op te hingjen om de lapen drûgje te litten.

Lynoalje waard oant ûngefear 1930 út flaakssie wûn yn oaljemûnen. Der binne noch meardere mûnen dêr't noch oalje slein wurdt. Yn it easten fan Nederlân binne dat De Passyblom yn Swol, de Woldzigt yn Roderwolde de Wachter yn Súdlaren, de Oostendorper wettermûne yn Haaksbergen en Pelmûne Ter Horst yn Rijssen. Yn de Saanstreek slane noch altiten De Bûnte Hin, Het Pink en De Zoeker oalje. Yn Súd-Nederlân dogge de Kilsdonkse Mûne yn Dinther, de Holten's Mûne yn Deurne, de Collse Wettermûne yn Eindhoven en de Leumûne yn Nunhem dat.

Minsklike konsumpsje

bewurkje seksje

Oalje foar minsklike konsumpsje foar bakken en brieden moat in leech linoleensoer en in heech linolsoergehalte hawwe. Mar heule siedden, dy't mear en mear iten wurde moatte krekt in heech alfa-linoleensoergehalte hawwe. Foar produkten mei linoleensoer wurde in oantal gesondheidseffekten kleemd, dy't diels ek wittenskiplik oantoand binne.

Lynoalje fan in gewoan oaljeflaaksras bestiet út:

 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Linseed oil