Lyts-Botniahûs

(Trochferwiisd fan Lyts Botniahûs)

Lyts-Botniahûs is in âlde stins en ryksmonumint oan de Bredepleats yn Frjentsjer.

Lyts-Botniahûs

Om 1530-1540 waard in al besteand gebou nei alle gedachten fiergeand ferboud troch Jarich (fan) Botnia, grytman fan Frjentsjerteradiel. Dat gebou wie oplutsen fan kleastermoppen, twa lagen reade en ien laach giele. De finsters bestienen út kleasterkesinen. Yn de gevel oan de Breedeplaats is dat noch dúdlik te sjen. In noch âlder part binne de kelderraamkes rjochts yn de gevel. Dat part is opboud út fannijs brûkte kleastermoppen yn in willekeurich ferbân. Ek dúdlik is dat de ferbouwing fan 1540 in ferheging fan mear as in meter west hat. Dat gedielte is opboud út reade roaswinkels ôfwiksele mei in laach giele moppen. Ek de toppen fan de sydgevels komme út dy perioade en binne fersierd mei nissen en in opklimmend bôgefries. It heule houtskelet en de kape waard fernijd. Yn it linkerdiel waarden in begeane grûn en in ferdjipping makke, wylst rjochts boppe de oerwulve kelder boud waard. De twa krúskesinen fan sânstien kamen foar twa kleasterkesinen yn it plak. By de restauraasje yn 1975 die bliken dat dizze kesinen opboud wienen út ûnderdielen fan fjouwer kleasterkesinen. It dak wie mei laaien dekt. 'Der stie in skuorre by en de grutte hovinge rûn oant it Suderbolwurk' (L. Mulder).

It hûs is troch de iuwen hinne gauris fan eigener feroare en hat dêrtroch in soad ferbouingen ûndergien, binnen en bûten. De measte krúskesinen binne ferfongen troch de 18e-iuwske en 19e-iuwske skoruten. De hjirboppe beskreaune krúskkesinen binne behâlden bleaun.

Mooglik yn de 18e iuw waarden de laaien ferfongen troch blau glazuerde pannen en waard in rike kroanlist oanbrocht. By de restauraasje yn 1975 binne der wer laaien opkomd en is de kroanlist weihelle en ferfongen troch in ienfâldige goate op in profilearre bakstienene list. Oarspronklik sil der gjin goate sitten hawwe. De houten finsters binne hanthavene. De om 1900 hinne troch de arjitekt Van der Kloot Meyburg oanbrochte stoepe mei yngong oan de noardlike sydgevel is weihelle.
Yn 1853 waard it hûs bestimd as diakenij-weeshûs. In stien boppe de doar tsjûget hjir fan. It Lyts-Botniahûs wurdt no brûkt troch de herfoarme gemeente.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: