Lyts Kurasau is in eilân foar de kust fan Kurasau, it is part fan de Nederlânske Antillen. Der stiet in âlde fjoertoer op it eilân, in strânhús en inkele hutten. It eilân is likernôch trije kante kilometer grut en leit op sa’n tsien kilometer súdeastlik fan Kurasau.

De fjoertoer op Lyts Kurasau.

It eilân is in lyts, keal, ûnbewenne rotseilân, dat troch fûgels as briedplak brûkt wurdt. It wetter om Lyts Kurasau hinne wurdt in soad brûkt troch dûkers. Der binne bedriuwen op Kurasau dy’t deitochten nei it eilân organisearje. Net altyd hat it eilân keal west sa as no. It wie ea hielendal mei gers begroeid en waard ûnder oare brûkt om hynders op weidzje te litten. Ut dy tiid is ek de fjoertoer dy’t op it eilân stiet. Troch de fosfaatwinnerij waard it eilân ôfgroeven, wêrnei de fegetaasje fan it eilân ferlern gie.

Op it stuit hat it eilân gjin bliuwende bewenning mear, mar yn it ferline wie dat wol it gefal. Ivanon Coffie, in Nederlânsk honkbalspiler, is op Lyts Kurasau berne.

De loefkante fan it eilân is in tsjerkhôf foar skippen dy’t net fier genôch by it eilân wei bleaunen. Op it strân lizze ferskate in âlde skipswrekken, wêrûnder dy fan in lytse tenker, de Maria Bianca Guidesman. Dizze kant fan it eilân is ek de side dêr’t tonnen oan wrekhout, slippers en flessen oanspield binne.