Mâlegreefsgat

(Trochferwiisd fan Mâlegraafsgat)

It Mâlegreefsgat, ek wol de Mâlegreefsmar of lokaal de Poel, is in wiel oan de Wâlddyk ûnder Aldwâld.

It Mâlegreefsgat (2009)

Dyktrochbrek

bewurkje seksje

Op Sint Pitersdei, 22 febrewaris, 1651 sloech in swiere stoarm de Aldwâldmer Syl fuort. Op it plak fan de trochbrek ûntstie in djip wiel, it Sint Pitersgat of de Sint Pitersmar. Om it gat te tichtsjen waard de dyk bûten om it wiel hinne lein. In nij Aldwâldmer Syl waard sa'n 400 m nei it súdeasten oanlein, en De Swemmer waard bewesten it wiel nei it suden, nei it nije syl trochlutsen.

Yn 1698 gie de Ierske Donough MacCarty, greve fan Clancarty, as balling nei Ingelân. Nei tal fan jierren kaam er yn Aldwâld telâne. Hy naam nei alle gedachten it doe al besteande hûs oan it Sint Pitersgat oer fan Archibald greve fan Argyle dy't yn 1685 út Ingelân weiflechte wie. De styl fan libben fan de greve fan Clancarty wie skynber tige ôfwikend fan wat de minsken yn dy omkriten gewoan wienen, want hy krige de bynamme "de Mâle Greve". Hy wenne oant 1707 yn it hûs, en wie yn alle gefallen yn 1722 noch de eigener. Nei de greve hjit it de Mallegreefsboarch, yn 'e folksmûle de Boarch. It wiel hjit nei him it Mâlegreefsgat of de Mâlegreefsmar. En wat tichter nei Aldwâld ta, is der de Mâlegreefsbrêge.

By it wiel stiet in tinkstien mei it ferhaal oer de wetterfloed.