Möhnesee (gemeente)

Möhnesee is in gemeente yn de Kreis Soest yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen, dy't yn 1969 oprjochte is. Op31 desimber 2021 hat de gemeente Möhnesee 11.852 ynwenners. De gemeente is neamd nei de mar, dat ûntstie nei de bou fan de keardaam Möhnetalsperre yn de Möhne tusken 1908 en 1912.

Möhnesee (gemeente)
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
Lânkreis Soest
Sifers
Ynwennertal 11.852 (31.12.2021)
Oerflak 123.38 km²
Befolkingsticht. 96 ynw./km²
Hichte 241 m
Oar
Stifting 1969
Kaart
Möhnesee (Noardryn-Westfalen)
Möhnesee

Plakken yn de gemeente Möhnesee

bewurkje seksje

De gemeente Möhnesee bestiet út de neikommende plakken.

  • Berlingsen

Berlingsen bestiet benammen út buorkerijen. It doarp leit sa 'n 8 km súdlik fan Soest.

  • Brüllingsen

It doarpke Brüllingsen leit yn uterste noardeasten fan de gemeente Möhnesee yn it fûgelreservaat fan de Hellwegbörden.

  • Büecke

It doarp, dy’t sûnt de midsiuwen bewenne wurdt, wie sûnt de 19e iuw in plattelânsgemeente Op 1 july 1969 gie de gemeente Büecke op yn de Gemeente Möhnesee.

  • Delecke

It doarp leit westlik fan Körbecke en east fan Günne oan de wal fan de Möhnesee. Mei in oerflakte fan 22,5 km en sûnt 31 desimber 2020, Delecke 646 ynwenners is Delecke ien fan de gruttere doarpen yn de gemeente Möhnesee.

  • Westrich

It lytse doarpke Westrich leit sa'n 700 meter benoarden de Möhnesee.

  • Echtrop

Echtrop bestiet benammen út buorkerijen. In it eardere stasjon fan it doarp hat jierrenlang in herberch sitten. Hjoed-de-dei is it trasee fan it eardere spoar yn gebrûk as fytspaad.

  • Ellingsen

Ellingsen leit sa'n 6 km eastlik fan Körbecke, it doarpke bestiet benammen út buorkerijen wêrfan it grutste part hjoed de dei yn gebrûk is as wenbuorkerij.

  • Günne

Günne leit daalks efter de wetterkearing fan de Möhnesee. Op 10 oktober 1938 kaam in lyts passazjiersfleantúch fan de Nelgyske loftfeartmaatskippij Sabena, yn in greide by Günne del. Alle 20 ynsitters kamen hjir by om it libben. By it alliearde bombardemint op de Wetterkearing yn maaie 1943 waard it doarp slim troffen troch de floedweach dy't dat ta gefolch hie. In protte ynwenners fan it doarp kammen om it libben.

  • Hewingsen

Hewingsen is in lyts doarpke en leit san 3,5 km benoarden Günne, Op 1 july 1969 gie de eardere gemeente Hewingsen op yn de Gemeente Möhnesee.

  • Körbecke

Körbecke is it grutste doarp yn de gemeente Möhnesee en hat sûnt 31 desimber 2020 sa'n 4.662 ynwenners. Op 1 july 1969 gie de eardere gemeente Körbecke op yn de Gemeente Möhnesee. Körbecke waard it haadplak fan dizze nije gemeente. It doarp lei't sa'n 5 km eastlik fan Delecke oan de wal fan de Möhnesee. It wettertoerisme is in wichtige boarne fan ynkommen foar it doarp. Ek is der in hert-refalidaasjesintrum yn it doarp.

  • Stockum

Stockum lei't sa'n 2 km noareastlik fan Körbecke oan de wal fan de Möhnesee. De Stockumer Daam liedt fan de Seeuferstrasse nei de súdlike kant fan de Möhnesee en skiedt it Körbecker-bekken fan it Wamel-bekken.

  • Neuhaus

Neuhaus is in buorskip sa'n 6 km besúden fan Stockum oan de oare kant fan de Möhnesee en hat sa'n 50 ynwenners.

  • Theiningsen

It doarpke Theiningsen leit yn noarden fan de gemeente Möhnesee de 516 rint súdlik by it doarp del.

  • Völlinghausen

Völlinghausen lei't sa'n 6 km súdeastlik fan Körbecke oan de wal fan de Möhnesee.

  • Wamel

Wamel bestiet benammen út buorkerijen. It doarp leit sa 'n 4 km benoarden fan Völlinghausen. It doarpke bestiet út twa dielen it haaddoarp benoarden Völlinghausen en it benedendoarp westlik fan Völlinghausen oan de wal fan de Möhnesee.

  • Wippringsen

Wippringsen leit oan wjerskanten fan de B229 tusken Soest en Delecke, Büecke leit yn it easten en Theiningsen yn it westen.

Bysûnderheden fan de gemeente

bewurkje seksje

De Möhnetalsperre is in keardaam dy't yn de perioade 1908-1912 boud waard, hy is 40 meter heech en 650 meter lang. Troch de bou fan de wetterkearing ûnstie de opslachmar de Möhnesee. De Wetterkearing rekke yn maaie 1943 swier skansearre by in allieard bombardemint. In stik muorre fan 77 Meter lang en 23 Meter heech waard der tusken út sketten. wat late ta in floedweach. Der waard rap mei de werbou fan de skansearre wetterkearing begûn en yn oktober 1943 wie de wetterkearing alwer yn bedriuw, en tsjinnet as drinkwetter reservoir en foar it opwekken fan stroom.

De Möhnesee is in opslachmar mei in oerflak fan 10,6 km2 en is op syn djipste punt 36 meter djip.

De Kanzelbrücke is de âldste brêge oer de Möhnesee en waard yn 1912 iepene. It tanket syn namme oan de konstruksje fan syn pylders, dy't op preekstuollen lykje soene. De pittoreske Kanzelbrücke bestiet út fiif bôgen en is sa'n 60 meter lang. It waard boud fan greywacke en sânstien. De brêge ferfangt in eardere brêge mei trije stiennen bôgen, dy't it mooglik makken om de rivier de Möhne oer te stekken noch foardat de opslachmar bestie. Yn de Twadde Wrâldkriich waard ek de Kanzelbrücke swier skansearre en yn 1953 yn orizjinele steat wersteld. De brêge is allinnich tagonklik foar fuotgongers en fytsers.

Jagdschloss St. Meinolf waard yn 1891 boud yn fakwurkstyl, en is ien fan de lêste kastielen dy't yn it Sauerlân boud waarden. It kastiel hat jierenlang yn gebrûk west as hotel, mar is hjoed de dei yn priveebesit.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: