Mûne fan Ter Haar

De mûne yn Ter Haar is in iepen standermûne yn it buorskip Ter Haar by it Grinslânske plak Ter Apel. Fan 'e mûne stiet yn Bourtange sûnt 1980 in replika.

Standermûne Ter Haar
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerwâlde
adres Sellingerstraat 22
9561 TB Ter Apel
koördinaten 52° 53' N 7° 4' E
bysûnderheden
type mûne standermûne
funksje nôtmûne, pelmûne
flecht 17,54 m
boujier 1832
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 37463
Kaart
Mûne fan Ter Haar (Grinslân)
Mûne fan Ter Haar

De mûne waard nei alle gedachten om 1619 hinne yn Bourtange boud en dêr yn 1831 ôfbrutsen om yn 1832 yn Ter Haar wer opboud te wurden foar Frederik Maarsingh.

Yn 'e rin fan 'e tiid is de mûne restaurearre en binne der ûnderdielen fernijd. Der binne lykwols noch orizjinele ûnderdielen út de boutiid fan 'e mûne, lykas spanten en izerwurk yn 'e kast. By de yngreven restauraasje fan 1986 is de mûne as nôt- en pelmûne wer mealree makke. De pelstien dy't dêrfoar brûkt waard wie ôfkomstich út Burdaard. Ek yn 2012 is noch in grutte restauraasje útfierd.

Eigner fan 'e mûne is de gemeente Westerwâlde. Ut en troch wurket in frijwillige mûnder om de mûne draaie te litten. Yn Bourtange is yn 1980 op it oarspronklike plak fan 'e mûne in replika boud. Oant dy tiid wie de mûne fan Ter Haar de iennige noch besteande standermûne fan 'e noardlike provinsjes.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ynformaasjeboerd by de mûne.