Oerlevering

(Trochferwiisd fan Mûnling oerlevere)

In oerlevering is in ferhaal dêr't yn ferhelle wurdt oer wat eartiids bard is, mar dêr't fan sein wurdt dat it histoarysk besjoen net kloppet. Faak sit er wol in kearn fan wierheid yn it ferhaal en is benammen de ferteller dêrfan oertsjûge. In protte sêgen en legindes binne oerleverings.

K. ter Laan is ien fan de sammelers fan Nederlânske mûnlinge oerleverings (al as net beynfloede fan skriftlike literatuer), dy't er yn syn Nederlandse overleveringen (2 dielen) publisearre hat. It docht bliken dat in unyk folksferhaal net sa faak foarkomt as altyd tocht waard; de measte folksferhalen dogge ynternasjonaal de rûnte, sûnder ûnderskied te meitsjen fan lân- as taalgrinzen. It die bliken dat net allinne Grutte Pier enoarm sterk west hat, mar ek in Dubbele Arend fan Meden út Meeden, Freers fan Wurst út Wurst (East-Fryslân), Wille Beekman (út de Hümmling), Jan de Sterke út Gorinchem en ferskate oare personaazjes út binnen- en bûtenlân.

Oare ferhalegarders fan Nederlânske oerleverings binne J.R.W. Sinninghe (1904-1988) en G.J. Boekenoogen (1868-1930).