Mûzen en rotten fan de Nije Wrâld
De mûzen en rotten fan de Nije Wrâld foarmje in ynformele taksonomyske groep binnen de klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae). Hjirta wurde trije ûnderfamyljes rekkene, dy't foarhinne wol mei-inoar beflapt waarden ûnder de ûnderfamylje Sigmodontinae. Tsjintwurdich is men lykwols fan tinken dat de ferdieling yn trije ûnderfamyljes de ekstreme diversiteit fan dizze groep better ta syn rjocht komme lit.
Mûzen en rotten fan de Nije Wrâld | ||
In rûchhierrige katoenrôt. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
ûnderskift: | mûzen en jerboä's (Myomorpha) | |
boppefamylje: | mûzen en rotten (Muroidea) | |
famylje: | wrotmûseftigen (Cricetidae) | |
(ynformeel): | mûzen en rotten fan de Nije Wrâld | |
Yn ferhâlding ta de oare beide ûnderfamyljes fan 'e wrotmûseftigen, de wrotmûzen (Arvicolinae) en de hamsters (Cricetinae), hawwe de mûzen en rotten fan de Nije Wrâld lykwols in protte mei-inoar gemien, wat ta it gebrûk fan dizze ynformele groep laat hat. De mûzen en rotten fan de Nije Wrâld binne de iennichste kjifdieren dy't lânseigen binne yn Súd-Amearika, en yn Noard-Amearika diele se eare inkeld mei de wrotmûzen.
Ta de mûzen en rotten fan de Nije Wrâld hearre:
- de ûnderfamylje echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld (Sigmodontinae)
- de ûnderfamylje klimrotten fan de Nije Wrâld (Tylomyinae)
- de ûnderfamylje Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |