Maarten Jamin
Maarten Jamin (1962) is in arsjitekt en Nederlânske siler fan De Jouwer. Jamin hat in arsjitekteburo yn Eastersee.
Begûn mei 13 jier te silen doe't er op sylkamp gie. Kocht letter in 16m² út 1957. Geandewei waarden de wedstrydresultaten better. Sylde ek yn oare klassen en mei oare silers. It earste kampioenskip folge. Farde op in s stuit wol hûndert wedstriden yn it jier. Mei as klap op de fjoerpylk de titel Primus Inter Pares mei Reinout Klapwijk. De PIP is in jierlikse wedstriid silen fan alle nasjonale en ynternasjonale kampioenen út ferskillende klassen yn de nasjonale 16m² klasse.
Mei omdat syn destiidske freondinne yn de kearnploech sylde yn de Yngling fûn er in nije útdaging: farre op iepen wetter, ynternasjonaal en technyske klasse. Dêrmei kamen ak de resultaten. Syn aartsrivaal yn de Ynglingklasse is Tom Otte. Yn 2008, 2009 en 2010 waard Jamin by it WK Yngling Iepen respektivlik 2e, 6e en 8e. Yn july 2011 waard er as stjoerman mei syn bemanning Jaap Smolders en Menno Berens foar de twadde kear wrâldkampioen yn de Ynglingklasse. Op 8 jannewaris 2012 waard er foar de tredde kear Wrâldkampioen Yngling yn Sydney. De Snitser stjoerman Tom Otte einige lykas it jier dêrfoar as twadde.
It Maarten Jamin-wykein is in treningswykein op it Belterwiede dêr't treend wurdt foar it Nederlânsk Kampioenskip 16m².
Earelisten
bewurkje seksje- Nederlânsk Kampioen
- 2001 Vrijheid
- 2002 Vrijheid
- 2004 16m²
- Europeesk Kampioen
- 2006 Yngling
- 2009 Yngling
- 2010 Yngling
- Wrâldkampioen
- 2005 Yngling
- 2011 Yngling
- 2012 Yngling
- Primus Inter Pares
- 2001
- 2009
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |