Maeykehiem is in tehús yn Sint-Nyk foar koart ferbliuw foar minsken mei in hendikap. It is gjin gesinferfangend, mar in gesinûnderstypjende foarsjenning. Heechút trije moanne en dan eventueel nochris 3 moanne. Yn de praktyk is foar ± 70% fan de besetting de gemiddelde ferbliuwstiid 4½ moanne, foar de oaren 12-18 moanne.

Mei op inisjatyf fan âlden fan bern mei in ferstânlike beheining waard stichting Maeykehiem yn 1965 oprjochte. De namme ferwiist nei Marijke Meu, de earenamme foar Prinses Maria Louise fan Hessen-Kassel (1688-1765), de frou fan steedhâlder Johan Willem Friso. Hja sette har tige yn foar it wolwêzen fan minsken. It nijboude kompleks waard fjouwer jier letter, yn 1969, iepene troch Prinses Margriet.

Yn 1974 krige Maeykehiem in eigen terapygebou mei ûnder oare in oanpast terapybad (9 x 6 meter), in pierebad en in terapyseal. Opnamekapasiteit wie doe 50 pupillen, 47 personielsleden en parttime krêften.

Yn 1989 krige stichting Maeykehiem de AWBZ-erkenning en yn datselde jier waard de soarchynstelling útwreide mei 20 plakken. Letter binne der fasiliteiten bykomd lykas it yn deiaktiviteitensintrum De Wynfanger (1991) en de Wurkwinkel (1995), yn 2004 útfanhuzershûs Balk en thússoarch, yn 2005 in Mei Inoar wenning yn Snits. It nije bewegingssintrum, mei swimbad en sportseal is yn 2007 yn gebrûk nomd. It swimbad hat in beweechbere boaiem, tal fan tilfoarsjennings en in apart snoezelbad. Yn 2008 waard begûn mei de bou fan nije wenningen as ferfanging fan de âlde en in nij deibestedingssintrum. By it 40-jierrich bestean fan Maeykehiem yn 2009 waarden in oantal nije gebouwen iepene.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: