Magister Wigbold (13651401), ek wol “Master fan de Sân Keunsten” neamd, wie in Dútsk piraat dy't by de ferneamde Likedielers fan Klaus Störtebeker hearde. Wighold wie ien fan de meast foaroansteande Lykdielers, mei Gödeke Michels, Hennig Wichmann, Klaus Scheld en Störtebeker. De bynamme Wigbold komt fan wig (striid) en bold (dapper, krigel); syn wiere namme is net bekend.

De jonge jierren fan Wigbold is net folle oer te witten. Hy soe it kleaster yngien wêze en dêr in soad leard hawwe. Hy waard lykwols fuortstjoerd om ûndúdlike redenen. Dêrnei soe hy de Universiteit fan Oxford besocht hawwe. Hy waard faak bekreaun as it brein efter de pirategroep. Oars as Michels of Klaus Störtebeker, socht Wigbold it gefjocht net, mar ûnderhannele er leaver om sa ferliezen te beheinen.

De Likedielers berôven skippen op de "Westlike See" (Noardsee) oant de Hânze dêr mei in mânske float in ein oan makke. Michels en de Magister koene earst ûntkomme, mar nei de dea fan Störtebeker yn 1401, waarden sy finzennomd en yn 1401 ûnthalze op de Grasbrook yn Hamburch.

  • Matthias Blazek: Seeräuberei, Mord und Sühne – Eine 700-jährige Geschichte der Todesstrafe in Hamburg 1292–1949. ibidem, Stuttgart 2012, ISBN 978-3-8382-0457-4.
  • Thomas Einfeldt: Störtebekers Kinder. Ravensburger Buchverlag, Ravensburg 2002, ISBN 3-473-58200-X.
  • Gustav Schalk: Klaus Störtebeker. Ueberreuter, Wien 2002, ISBN 3-8000-2876-X.