Magnus Forteman is in legindarysk Frysk persoan ut de 9e iuw. Neffens de sêge wie hy befelhawwer fan in Frysk leger dy't harren libben yn tsjinst stelde fan keizer Karel de Grutte.

Magnus Forteman op in segel út 1270

Magnus soe oanfierder west ha fan in leger Friezen dat by de oermastering fan Rome oanwêzich wie. Sy gongen foarop yn de striid. As beleanning foar harren moed krigen Magnus en syn striders it frije saneamde Karelsprivileezje takend ek wol neamd Friezenprivileezje, Frijheidsprivileezje, libertas Frisonica of de Previlegii Frisiorum Caroli Magni neamd. It kaam der op del dat alle Friezen frij wêze soenen, dat sawol de belêsting oan de kening en tsjerklike lêsten beheind bliuwe soenen en dat sy sels harren rjochtspraak dwaan mochten. Troch de keizer waard dit rjocht fêstlein yn in oarkonde.

Oer it generaal wurdt dit ferhaal beskôge as in optinksel en it Karelsprivileezje as in ferfalsking. De figuer fan Magnus fynt nei alle gedachten syn oarsprong yn Sint Magnus.

Sint-Willibrord soe de Magnusfane jûn ha oan Magnus Forteman.

  • S.J. van der Molen, Oorsprong en geschiedenis van De Friezen, Amsterdam, 1981, side 101-110.
  • F. Binkes, Over eene volkplanting der Friesen in Zwitserland, benevens eenige aanmerkingen over den tocht der Friesen naar Rome, Yn: De Vrije Fries, ôflevering I (1839), side 1-63. Ek digitaal beskiber [1].
  • M.P. van Buijtenen, De grondslag van de Friesche Vrijheid, Assen, 1953 (16)
  • K. von Richthofen, Untersuchungen II, Berlin, 1882, side 147-315
  • P. Sipma, Fon alra Fresena fridome (1947)