Mago II
Mago II, ek bekend as Magon (Punysk: 𐤌𐤂𐤍, MGN),wie in suffeet fan Kartago fan 396 f.Kr. oant 375 f.Kr. fan de dynasty fan de Magoniden. Hy waard suffeet nei de selsmoard fan Himilko II in 396 f.Kr. en waard opfolge troch Mago III (of Himilko Mago) yn 375 f.Kr.
Syn bestjoer begûn yn de Sisyljaanske oarloggen mei de Griken, dy't ûnder de lieding fan Dionysius I fan Syrakuse syn foargonger ferslein hiene. Mago einige in rebûlje yn Lybje en sleat in fredesferdrach mei Syrakuse yn it neidiel fan syn Sisyljaanske bûnsmaten, de Siselen.
Kriich bruts fannijs út oan de ein fan syn regear en hy kaam om it libben yn de Slach by Cabala. Hy waard opfolge troch syn soan Mago, of ek wol Himilko Mago, dy't de Kartagers in oerwinning ta brocht yn de Slach by Cronium
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|