De Magoniden wiene in politike dynasty yn it Kartaachske Ryk fan 550 f.Kr. oant 340 f.Kr. De dynasty waard troch Mago I stifte, dêr't Kartago de machtichste Fenisyske koloanje ûnder waard. Under de Magoniden wreide it Kartaachske Ryk him út mei westlik Lybje, Sardynje en yn krapoan tsien jier it grutste part fan Sisylje.

Mago en syn neiteam hearsken oer Kartago mooglik as monargen, mar miskien net yn de sin as in erflike keningskip, mar mear as tirannen of as sterke foaroanmanlju.

List fan Magoniden

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side List fan hearskers fan Kartago.

Doe't Mago oan de macht kaam, feroare de bûtenlânske polityk fan Kartago in bot. Nei de kolonisaasje fan it eilân Ibytsa waard Kartago fan ien fan de Fenisyske koloanjes ta de machtichste yn it westlike Middellânske Seegebiet. It wie oant doe hieltyd noch ekonomysk ôfhinklik fan syn memmestêd Tyrus, mar waard dêrnei hieltyd mear selsstannich.

Mago waard opfolge troch syn soan Hasdrubal I, dy't wer opfolge waard troch Hamilkar Mago, de soan fan Hasdrubal syn broer Hanno. Yn dy snuorje wiene der konflikten mei de Griken yn Sisylje en der binne berjochten dat Kartago in alliânsje oangean woe mei de Perzyske kening Kserkses om meiïnoar de Griken te ferslaan. Herodotus neamde dat de Slach by Himera tusken de Kartagers en de Griken op deselde dei wie as de Slach by Salamis yn 480 f.Kr. De Griken wûnen beide slaggen en Hamilkar sneuvele yn Himera.

Nei de dea fan Hamilkar folge syn soan Hanno II, de Seefarder, him op oant 440 f.Kr. Under syn bewâld wreide Kartago syn gebiet by de Afrikaanske kust del út. Ek grutte parten fan de Atlantyske kust fan Afrika waarden ûntdutsen. Nije fêstigings en hannelsposten waarden stifte om mei de befolking fan it Afrikaanske binnenlân te hanneljen. Underwilens besocht Kartago op dat stuit bûten eltse konflikt yn Sisylje te bliuwen.

De nije frede en it grutte koloniale ryk droegen der oan by dat de Kartaachske kriichsfloat tige útwreide waard. Yn 410 f.Kr. wie Hannibal Mago, soan fan Gisko en pakesizzer fan Hamilkar, de kening fan Kartago. He sette daliks út ein mei in nije kampanje nei Sisylje, dêr't yn 409 f.Kr. de stêd Selinus, bûnsmaat fan de machtige Grykske stedsteat Syrakuse, folslein by ferneatige waard. Hannibal waard berucht om syn wredens. Hy liet tûzenen finzenen ôfslachtsje.

By it belis fan de Grykske stêd Agrigentum sloech der in ynfeksjesykte troch it Kartaachske legerkamp hinne, dêr't Hannibal sels ek oan ferstoar. Hannibal syn neef Himilko II, dy't in soan fan Hanno de Seefarder en in pakesizzer fan Hamilkar wie, naam de macht yn Kartago oer. Hy waard pas yn 396 f.Kr. offisjeel kroane, want de kroaning moast yn Kartago sels plakfine en moast er dus wachtsje dat er yn Sisylje dien wie.

Hy wie op en oan yn kriich mei de Dionysus I, de tiran fan Syrakuse, oant er yn 396 f.Kr. folslein ferslein waard. Hy flechte dêrnei út Sisylje wei mei Kartaachske flechtelingen en liet syn hierlingeleger efter, dy't troch de Griken ôfslachte waarden. Himilko die himsels letter tekoart yn skande.

Mago II, in oar famyljelid, naam doe de macht oer. Syn earste taak wie om in Libyske rebûlje, dy't der hast yn slagge en smyt de Kartaachske hearskippij om, del te bêdzjen. Dêrnei ferfear er nei Sisylje en sels nei súdlik Itaalje. Mago II hie net folle militêr ûnderfinen, mar wie nettsjinsteande dat wol in goede diplomatike strateech. Hy besocht mei Dionysius te ûnderhanneljen, mar it kaam ta einbeslút ta in militêr konflikt. Mago waard troch de Griken ferslein yn de Slach by Kabala yn 378/375 f.Kr. yn súdlik Itaalje. Lang om let tekenen Kartago en Syrakuse in fredesferdrach.

Yn 480 f.Kr., nei Hamilkar syn dea, ferlear de kening it measte fan syn macht oan in aristokratyske gearkomste fan rjochters. Yn 308 f.Kr. besocht de Hannonyd Bomilkar in steatsgreep te plachtsjen en jou de keningen de folsleine macht werom, mar slagge dêr lykwols net yn. Kartago waard dêrnei in republyk, of winliken in oligargy.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.