Mago I
Mago I, ek bekend as Magon (Punysk: 𐤌𐤂𐤍, MGN), wie de kening fan it Kartaachske Ryk fan 550 f.Kr. oant 530 f.Kr. en wie de earste monarch fan de dynasty fan de Magoniden. Mago wie earst in generaal en ûnder syn hearskippij waard Kartago de machtichste fan alle Fenisyske koloanjes.
Hearskippij
bewurkje seksjeUnder Mago ûntjoech Kartago himsels as de machtichste Fenisyske militêre macht yn it westlike Middellânske Seegebiet. Kartago wie oant doe noch ekonomysk ôfhinklik fan syn memmestêd, Tyrus, de machtichste fan de Fenisyske stedsteaten, mar waard algeduerigen ûnôfhinklik. Ien fan Mago syn plotike prestaasjes wie it oangean fan in alliânsje mei de Etrusken tsjin de Griken. Dy alliânsje duorre oant de Romeinske Republyk de Etruskyske keningen ferdreau. Hy wie ek warber yn Sisylje en hy boaske syn wiif, dy't út Syrakuse kaam. Mago boude in leger op dy't foar in grut part út hierlingen bestie.
Yn 546 f.Kr. stiften Fokeeërs, dy't de Perzyske ynvaazje ûntflechten, de koloanje Alalia op Korsika. Der wiene al Griken oanwêzich dêre sûnt 562 f.Kr.. Hja begûnen de Etruskyske en Punyske hannel te fersteuren. Tusken 540 en 535 f.Kr., nei de Slach by Alalia ferkrong in Kartaachsk-Etruskyske alliânsje de Griken fan Korsika. De Etrusken oermasteren Korsika, wylst Kartago Sardynje oermastere. Dêrmei waard de Grykske útwreiding nei it westen ta tsjinholden.
Mago waard troch syn soan Hasdrubal I opfolge.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|