Kartaachske Ryk

It Kartaachske Ryk of it Punyske Ryk wie yn de âldheid de grutste seemacht en beskaving yn it westlike Middellânske Seegebiet. De stêd Kartago wie it sintrum fan it ryk dat fan likernôch 814 f.Kr. oant 146 f.Kr. bestie. It begûn as in Fenisyske hannelskoloanje en woeks stadichoan út ta in machtige stedsteat. It waard oant de tredde iuw f.Kr. de machtichste see- en hannelsmacht yn it westlike Middellânske Seegebiet. It ryk omfieme op syn wiidst de kustgebieten fan it hjoeddeistige Lybje, Tuneezje, Algerije, Marokko en Spanje en de eilannen Malta, Sisylje, Sardynje, Korsika en de Baleären.

Kartago
𐤒𐤓𐤕𐤟𐤇𐤃𐤔𐤕
Qart-ḥadašt
814 f.Kr. – 146 f.Kr.
flagge wapen
Carthage standard.svg Tanit Symbol.svg
geografyske lokaasje
Carthage Holdings.png
It Kartaachske Ryk yn 264 f.Kr.
polityk
haadstêd Kartago
offisjele taal Punysk
Fenisysk
Berbersk
Numidysk
steatsfoarm keninkryk oant 480 f.Kr.
republyk
ûntstien út Fenysje
opgien yn Vexilloid of the Roman Empire.svg Romeinsk Afrika
Vexilloid of the Roman Empire.svg Sicilia (Romeinske provinsje)
Hispanje
Mauretaanje
no diel fan Flag of Algeria.svg Algerije
Flag of Italy.svg Itaalje
Flag of Libya.svg Lybje
Flag of Malta.svg Malta
Flag of Morocco.svg Marokko
Flag of Spain.svg Spanje
Flag of Tunisia.svg Tuneezje
sifers
ynwennertal 3.700.000-4.300.000 (221 f.Kr.)
bykommende ynformaasje
muntienheid Kartaachske sjekel
1rightarrow.png Dizze side giet oer it koloniale hannelsryk. Foar de stêd, sjoch: Kartago.

It ryk hie de grutste kriichsfloat fan dy tiid en in leger dy't foar in grut part út hierlingen bestie. Troch syn dominante posysje rekke Kartago gauris yn konflikt mei buorfolken, lykas de ferskate Berberske stammen yn Noard-Afrika, de Grykske Sisyljers yn Sisylje en de machtiger wurdende Romeinske Republyk, dêr't Kartago nei de Punyske oarloggen lang om let belies oan jaan moast.

De taal fan de Kartagers wie it Punysk, dat út it Fenisysk wei fuortkaam. De wichtichste boarnen oer Kartago dy't oerlevere binne, komme fan Gryksk-Romeinske skriuwers, lykas fan benammen Polybius en Titus Livius, om't in grut part fan it Punysk skriuwwurk fuortrekke waard. De Grykske en Romeinske skriuwers skreaune lykwols yn in negatyf ljocht oer Kartago om't it de fijân wie. Troch argeologyske fynsten is der folle mear oer de Kartaachske kultuer bekend wurden.

NammeBewurkje

De namme "Kartago" komt fan it Midfrânske Carthage, dat fan it Latynske Carthāgō en Karthāgō komt, dat wer fan it Grykske Karkhēdōn (Καρχηδών) en Etruskyske *Carθaza komt, en dy't wer fan it Punyske qrt-ḥdšt (𐤒𐤓𐤕 𐤇𐤃𐤔𐤕 "nije stêd") komme.

"Punysk", dat gauris as in synonym brûkt wurdt mei "Kartaachsk", komt fan it Latynske poenus en punicus, dat wer fan it Grykske wurd Φοῖνιξ (Phoinix), meartal Φοίνικες (Phoinikes), komt en dat as in eksonym brûkt waard om nei de Kanaänityske havenstêden te ferwizen dêr't de Griken mei hannelen. It Latyn naam de Gryskske wurden nochris oer as phoenix, meartal phoenices. De Griken en Romeinen brûkten beide de begripen "Fenisysk" en "Punysk" om nei alle Fenysjers te ferwizen dy't yn it Middellânske Seegebiet wennen. Hjoeddeistige skiedkundigen ferwize "Punysk" nei de Fenysjers yn it westlike Middellânske Seegebiet, sa as bygelyks de Kartagers. Ek wurde Punyske groepen wol ferwiisd as bygelyks "Sisilo-Punysk" foar de Fenysjers yn Sisylje of "Sardo-Punysk" foar dyjingen yn Sardynje. Aldgrykske skriuwers ferwiisden bytiden de mingde Punysk-lânseigen befolking fan Noard-Afrika (Lybje) as "Libo-Fenysjers".

It is net wis wat de Kartagers harren sels neamden. It Fenisyske heitelân yn it Midden-Easten stie yn de lânseigen sprake as 𐤐𐤕 (Pūt), en it folk as de 𐤐𐤍𐤉𐤌 (Pōnnim) bekend. Skriuwers fan it âlde Egypte oppenearren dat it folk fan dy omkriten harren sels Kenaani of Kinaani (Kanaäniten) neamden. In passaazje fan Augustinus waard gauris ynterpretearre dat de Púnjers yn Noard-Afrika harrensels chanani (Kanaäniten) neamden, mar dat wurdt hjoed-de-dei sjoen dat dat om in fersin gie. Guon bewiis yn Sisylje hat sjen litten dat guon westlike Fenysjers it begryp Phoinix brûkten.

LegindeBewurkje

 
De selsmoard fan Dido troch Claude-Augustin Cayot (1667–1722)

Der is net in soad bekend oer it stiftsjen fan Kartago. Der binne ferskate wurken oerlevere fan Grykske en Romeinske skriuwers dy't mear legindarysk fan aard binne, mar dochs in grissel fan de werklikheid befetsje. Dy leginden waarden almeast skreaun nei't Kartago oan de ein fan de Tredde Punyske Oarloch troch de Romeinen ferwoastge waard.

De leginden komme aardich meiïnoar oerien dat de stêd Kartago troch kolonisten fan de Fenisyske stedsteat Tyrus, laat troch de ferballe prinsesse Dido (ek bekend as Elissa of Alissa), stifte waard. Dido wie de dochter fan kening Belus II fan Tyrus, dy't de troan nei syn dea taliet oan Dido en har broer Pygmalion. Pygmalion liet Dido har man Aserbas, de hegepreester fan Melkart, fermoardzje, om't Pygmalion syn rykdom begearde. Dido en har folgelingen flechten dêrop fan har broer en ferfearen nei Noard-Afrika en stiftsje dêr in nije stêd.

Doe't Dido en har Tyrenen dêr oankamen, waarden se groeten troch it Numidysk stamhaad Hiarbas, dy't harren in stik lân ta sei yn de grutte dat bedutsen wurde kin troch de hûd fan ien hiele okse. Dido wie snoad en snie de hûd yn tige tinne slyskes en lei dy om de gânse heuvel fan Byrsa hinne. Doe't de Tyrenen úteinsetten mei it graven fan de fundearrings, fûnen se de kop fan in okse. Dat wie it foarteken dat de stêd it dreech hawwe soe en ta slaaf makke wurde soe. Se besleaten dêrnei de stêd justjes fierderop te bouwen, dêr't se de holle fan in hynder fûnen, dat yn de Fenisyske kultuer in teken fan dapperens en oerwinning betsjutte. It hynder foarsei it plak en de woltierigens fan de nije stêd en waard it embleem fan Kartago, dat fan it Fenisyske Qart-Hadasht (Nije Stêd) ôfkomt.

Kartago woeks de folgjende sân jier út ta in woltierich plak ûnder de hearskippij fan keninginne Dido. De woltierigens fan de nije stêd lutsen Fenysjers fan it tichteby lizzende Utika, en lânseigen Lybjers allyk, oan. Kening Hiarbas woe Dido boaskje, mar út eare fan har ferstoarne man, woe se dat mar net. Njonkelytsen bea Dido in skûlplak yn Kartago oan Aeneas en syn manlju oan, dy't út Troje wei flechten. Dido en Aeneas rekken meiïnoar fereale, en mei in jachtekspedysje makken se plannen om meiïnoar te trouwen. De god Jupiter stjoerde dêrop in geast yn de foarm fan de god Merkurius om Aeneas yn it sin te bringen dat it net de bedoeling wie dat er yn Kartago mei syn nije leafde bliuwe soe, mar dat er nei Itaalje ferfarre moast en stiftsje Rome. Aeneas en syn Trojanen ferfearen dêrnei nei Itaalje en Dido rekke tige drôf, dat se harsels mei syn swurd deastuts. Wylst se ferstoar rôp se in flok út dat der in ivige striid tusken it folk fan Aeneas en it folk fan harsels wêze soe, doelend op de strideraasjes dy't om de macht fan it Middellânske Seegebiet tusken Kartago en de Romeinske Republyk útfochten wurde soene.

SkiednisBewurkje

Stifting as Fenisyske koloanjeBewurkje

 
In búste fan de goadinne Tanit út de fjirde iuw f.Kr. dat fûn waard yn de nekropolis fan Puig des Molins, hjoed-de-dei yn it museum fan Puig des Molins, Ibytsa

Om harren hannel makliker te meitsjen stiften de Fenysjers ferskate koloanjes en hannelsposten yn it Middellânske Seegebiet. Om't Fenysje gjin ienheidsteat wie, mar út selsstannige stedsteaten bestie, wiene der gjin mooglikheden en ek net it ferlet derfoar en stiftsje in grut koloniaal ryk. De measte koloanjes hiene lykwols net mear as 1000 ynwenners, mei útsûndering fan in pear sa as bygelyks Kartago, dy't grutter woeksen. De reden foar kolonisaasje wie meastentiids feilige plakken te finen foar harren hannelsfloat. Ek woene guon fan de Fenysjers fan harren ferplichtingen ûntsnappe, dy't machten om utens gauris op harren Fenisyske thúslân opleine. In oare driuwfear wie de opkommende Griken, dy't ek koloanjes stiften yn it Middellânske en Swarte Seegebiet.

De earste Fenisyske koloanjes yn it westlike Middellânske Seegebiet woeksen by de twa hannelsrûtes rjochting it Ibearysk Skiereilân del. Oan de iene kant by de kust fan Noard-Afrika del en oan de oare kant op de eilannen Malta, Sisylje, Sardynje, Korsika en de Baleären. Tyrus, dy't de woltierichste stedsteat fan de Fenisyske lânstripe wie, late de koloniale fêstigings oan de kusten. Neffens Strabo stiften de Tyrenen wol 300 koloanjes oan de noardafrikaanske kust, alhoewol't it in dúdlike oerdriuwing wie, ûntstiene der ferskate koloanjes yn Tuneezje, Algerije, Marokko, Ibearje en yn mindere mjitte oan de toare kust fan Lybje. Hja waarden benammen stifte as hannelsposten by de Afrikaanske kust del dy't sa'n 30 oant 50 km faninoar ôf leine.

Doe't de Fenysjers úteinsetten mei it stiftsjen fan koloanjes oan de Afrikaanske kust, wiene der al Fenisyske koloanjes op Syprus, Kreta, Sisylje, Sardynje, Korsika, de Baleären en ek op it Jeropeeske fêstelân yn it hjoeddeistige Genua en Marseille. Yn de koloanjes op Sisylje en Kreta kaam it al rillegau ta strideraasjes mei de Griken dêre, en Fenisyske kontrôle oer Sisylje duorre dêrnei net lang mear. Letter kamen dy gebieten ûnder it bestjoer fan Kartago, dy't sels ek wer nije koloanjes stiftsje liet, benammen nei it neigean fan Tyrus en Sidon.

Wêrom't de Tyrenen it plak fan Kartago útsocht hiene, hiene se ferskate redens. It lei yn it midden oan de kust oan de Golf fan Tunis, dêr't it in goede tagong ta de Middellânske See hie en dêr't it yn de lijte fan de stoarmen lei. It lei ek tichteby de fitale Strjitte fan Sisylje dêr't in wichtige hannelsrûte fan it easten nei it westen trochhinne rûn. De stêd waard op in heuveleftich trijehoekich skiereilân boud, dêr't de Mar fan Tunis benefter leit, dy't foar in ryk ferskaat oan fisk en in feilige haven soarge. It skiereilân wie mei in smelle stripe lân ferbûn oan it fêstelân, dat in rûch gea hie dêrmei't de stêd maklik te ferdigenjen wie. In sitadel waard op de heuvel Byrsa boud, in lege heuvel mei útsjoch op de see.

Untjouwing ta hannelsmachtBewurkje

 
In mooglike rekonstruksje fan Punysk Kartago

Yn tsjinstelling ta oare Fenisyske koloanjes, woeks Kartago grutter en flugger. Reden dêrfoar wie it geunstige klimaat en de strategyske lizzing. It gea om Kartago hinne wie gaadlik foar lânbou en der wiene in soad grûnstoffen, sa as mineralen oanwêzich. En om't it oan de wichtige hannelsrûte lei, waard it it wichtichste hannelsplak tusen Afrika en de rêst fan de antike wrâld. It foarseach oan in mearfâld fan lúkse en seldsume produkten, lykas terrakottabyldsjes en maskers, juwielen, bewurke ivoar, strúsfûgelaaien en in ferskaat oan iten en wyn. In iuw nei' it stifte waard hie Kartago al 30.000 ynwenners. Benammen nei de sânde iuw f.Kr., doe't de Fenisyske stêden yn it neigean rekken en ûnder Babyloanysk gesach kamen, naam Kartago de posysje fan syn memmestêd Tyrus oer.

Yn Kartago woeks sa stadichoan in eigen nasjonale identiteit. Alhoewol't de Kartagers de Fenisyske gewoanten en leauwe oanholden, ûntjoech der yn Kartago en oare westlike Fenisyske koloanjes in eigen Punyske kultuer, dêr't guon aspekten fan de lânseigen gewoanten en leauwen yn mingd waarden. Guon godlikheden waarden promininter yn it Kartaachsk panteon as yn dy fan Fenysje. Fan de fyfde iuw f.Kr. ôf earen de Kartagers Grykske goaden lykas Demeter. Kartago hold guon aspekten fan it Fenisyske leauwe, dy't bygelyks yn Tyrus al net mear dien waarden, sa as it berne-offer. Ek ûntstie it Punysk yn Kartago en de westlike Fenisyske koloanjes, dat as in dialekt fan it Fenisysk ta in eigen taal, troch lânseigen ynfloeden, ûntjoech, en it Punysk skrift in oanpaste foarm fan it Fenisysk alfabet waard.

Dy dingen droegen der oan by dat Kartago in selsstanige politike ienheid waard. Dat moat sa om 650 f.Kr. hinne bard wêze, doe't it mei syn eigen kolonisaasjes yn it westlik Middellânske Seegebiet úteinsette. Kartago hold nettsjinsteande dat in ferbûn mei Tyrus en syn Fenisyske thúslân. Der kamen noch hieltyd Tyreenske migranten nei de stêd, en Kartago stjoerde in jierliks tribút nei de timpel fan Melkart yn Tyrus.

Yn de sechde iuw f.Kr. rekke Tyrus fierder yn it neigean en erkende de hearskippy fan de Perzyske kening Kambyses II (hearske fan 530-522 f.Kr.) dat der ta late dat Fenysje yn it Perzyske Ryk opnommen waard. Kartago waard dêrnei de machtichste stêd yn it Middellânske Seegebiet.

It foarmjen en de skaaimerken fan it rykBewurkje

 
It Punysk distrikt yn Kartago

Alhoewol't de Kartagers de Fenisyske seehannel oernamen, ferskilden se fan de Fenysjers troch harren ymperialistyske en militaristyske ambysjes. De Fenisyske stedsteaten hiene komselden lânhonger, wylst Kartago syn gebiet hieltyd mar útwreide, om noch mar mear hannel en grûnstoffen te bemachtigjen. It is net wis wat de Kartagers der ta bewege, yn tsjinstelling ta oare Fenisyske koloanjes, om in poltike en ekonomyske hegemony te stiftsjen. De Punyske stêd Utika, dy't flakby lei, wie âlder as Kartago en hie deselde geografyske en politike foardielen dy't Kartago hie, mar hie alhiel gjin doelen ta hegemony, en kaam letter sels ûnder Kartaachske ynfloed. Ien andert kin wêze dat troch de Babyloanyske en Perzyske hearskippij oer Fenysje, in soad Fenisyske flechtelingen harren ta wenjen setten yn Kartago. Sa waarden de woltierigens, kultuer en tradysjes fan Tyrus nei Kartago oerbrocht. Ek de driging fan Etruskyske en Grykske konkurrinsje yn it westlik Middellânske Seegebiet droech dêr oan by.

Der is net folle oer de Kartaachske polityk bekend fan foar de tredde iuw f.Kr.. Mar wat der al oer bekend is, is de hearskippij fan Mago I (550-530 f.Kr.) en de macht fan de Magoniden yn de folgjende desenniums dy't de Kartaachske macht útwreiden. Mago wie in generaal yn it Kartaachsk leger en hy waard de earste lieder dy't it militarisme fuorsterke. Hy yntrodusearre nije militêre strategyen en technologyen. Hy wreide it leger ek út mei it rekrutearjen fan soldaten fan ûnderwurpen folken en hierlingen, om't de befolking fan Kartago noch hieltyd te lyts wie en ferdigenje syn fersprate koloanjes. Lybjers, Ibearjers, Sardynjers en Korsikanen waarden yn Mago syn leger oannommen.

Oan it begjin fan de fjirde iuw f.Kr. wie it Kartaachske Ryk de grutste macht yn it westlik Middellânske Seegebiet, en soe dat de folgjende trije iuwen bliuwe. Kartago naam alle tichteby lizzende Fenisyske koloanjes oer, lykas Hadrumetum, Utika, Hippo Diarrhytus en Kerkouane, ûnderwurp in soad oanswettende Libyske stammen, en oermastere gâns de noardafrikaanske kust fan Marokko oant en mei westlik Lybje. Ek Sardynje, Korsika, Malta, de Baleären en de westlike helte fan Sisylje, dêr't boargen oan de kust, sa as dy fan Motya en Lilybaeum, harren gebiet fersterken. Op it Ibearysk Skiereilân, dy't ryk oan metalen wie, ûntstiene ek Kartaachske koloanjes. De Kartaachske ynfloed dêre rekke syn hichtepunt by it oermasterjen fan it gebiet troch generaal Hamilkar Barka (237-228 f.Kr.)

It Kartaachske Ryk wie foar in grut part in wiidfiemjend hiel mei ferskate manieren fan bestjoer. It stifte nije koloanjes, befolke en stifte âlde koloanjes fannijs, foarme alliânsjes mei oare Fenisyske stedseaten en wreide syn gebiet troch militêr bemasterjen. Wylst guon Fenisyske koloanjes harren frijwillich oan Kartago ûnderwurpen, fersetten oaren, sa as yn Ibearje en Sardynje, dêr tsjin. Dêr't oare Fenisyske stêden gjin streekrjochte kontrôle oer harren koloanjes útoefenen, stelden de Kartagers magistraten oan yn harren eigen koloanjes om streekrjochte kontrôle te krijen. Dat belied late ta dat der in stikmannich Ibearyske stêden harren by de Romeinske Republyk yn de Punyske oarloggen oansleaten. Yn oare gefallen waard de hegemony fan Kartago befêstige troch ferdraggen, alliânsjes, tributen fan oare folken, en oare soksoarte regelingen. It like wol op de Delyske Bûn, dy't troch Atene laat waard, it Spartaansk keninkryk (ûnderwurpen folken tsjinnen as slaven foar de Punyske elite en steat) en, yn mindere mjitte, de Romeinske Republyk (bûnsmaten dy't mankrêften en tributen besoargje).

Yn 509 f.Kr. tekenen Kartago en Rome de earste fan ferskate ferdraggen dy't harren ynfloed en hannelsaktiviteiten fêstleine. Dat wie de earste skreaune boarne oer Kartaachske kontrôle oer Sisylje en Sardynje. Dat ferdrach stelde fêst dat Kartago op syn minst lykweardich, of mear, wie oan Rome, dy syn ynfloed net fierder gie as it midden en suden fan Itaalje. Troch syn Fenisyske komôf, ferskilde de Kartaachske ynfloed mei dy fan Rome. Kartago lei de neidruk op de seehannel, de kustkoloanjes en de kriichsfloat, dêr't Rome de neidruk lei op gebietsútwreiding. Kartago syn ambysjes wiene mear kommersjeel as ymperiaal, en dêrom joegen se de foarkar oan de foarm fan hegemony troch middel fan ferdraggen en alliânsjes as oan bemasterjen fan lân. Ta tsjinstelling dêrfan joegen de Romeinen de foarkar fan it bemasterjen fan it lân yn it Italjaansk skiereilân, en letter fier dêr bûten. Dat ferskil kaam letter ta utering yn de Punyske oarloggen.

Yn de tredde iuw f.Kr. hie Kartago njonkelytsen in gâns netwurk fan koloanjes en fazalsteaten opboud. Kartago hie doe in grutter gebiet ûnder syn ynfloed as de Romeinske Republyk, en wie de grutste en woltierichste stêd fan dy tiid mei wol in fearns miljoen ynwenners.

Konflikten mei de GrikenBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Sisyljaanske oarloggen.

De konflikten tusken de Griken en de Kartagers wie benammen om ekonomyske redens ta tsjinstelling fan de lettere Punyske oarloggen. Iuwenlang brûkten de Fenysjers en de Griken de hannelsrûten yn de Middellânske See en fan de njoggende iuw f.Kr. ôf stiften se koloanjes. De Fenysjers wiene ynearsten baas, mar de Grykske hannel woeks stadichoan oant der spanning tusken de twa folken ûntstie. Dy spanning late lang om let ta konflikten, benammen op Sisylje.

Earste Sisyljaanske Oarloch (480 f.Kr.)Bewurkje

 
In Kartaachske hoplyt

Troch it grutte sukses fan de Kartaachske hannel, waard der in machtige kriichsfloat boud om de hannelsrûten feilich te stellen. Dat late regelmjittich ta konflikten mei de Griken fan Syrakuse, dat de machtichste Grykske stedsteat wie, en ek op macht yn it Middellânske Seegebiet út wie.

It eilân Sisylje, dat foar de doar fan Kartago lei, waard it plak fan strideraasjes. Iuwen earder luts dat eilân, dat sintraal yn it Middellânske Seegebiet leit, Fenysjers en Griken oan, dy't elts ferskate koloanjes dêre stiften. Dat late ta konflikten dêr't beide groepen nea de folsleine kontrôle oer it eilân krigen.

Yn 480 f.Kr. besocht Gelo, de tiran fan Syrakuse, it eilân ûnder syn hearskippij te ferienjen, mei help fan oare Grykske stedsteaten. Kening Hamilkar Mago fan Kartago stjoerde dêrop in machtich leger (mooglik mei 300.000 manlju) nei Sisylje.

Wylst it Kartaachsk leger nei Sisylje ferfear, lijden se grutte ferliezen troch in swiere stoarm. Hja kamen yn Panormus, hjoed-de-dei Palermo, oan, en besochten de skansearre float op te helpen. Dêrnei lutsen de Kartagers op nei Himera dêr't se foar de striidkrêften fan Syrakuse en syn bûnsmaat Agrigentum oer kamen te stean. De Griken wûnen de Slach by Himera en de Kartagers lijden grutte ferliezen. Hamilkar sneuvele of die himsels tekoart en dêrnei ûnderhannelen de Kartagers oer de frede.

De kriich wie fan grutte betsjuttenis foar Kartago. It hold in part fan Sisylje, mar it grutste part bleau ûnder Gryksk, en letter Romeinsk bestjoer. Kartago lei dêrnei de neidruk op Noard-Afrika en Ibearje. De dea fan Hamilkar en it ellindige ferrinnen fan de kriich laten ta politike herfoarmings dêr't tenei in oligargyske republyk foarme wurde soe. De hearskers fan Kartago soene tenei beheind wurde yn harren macht troch gearkomsten fan eallju en it gewoane folk.

Twadde Sisyljaanske Oarloch (410-404 f.Kr.)Bewurkje

 
Kartaachske sulveren sjekel mei op de foarkant in man dy't in lauwerkrâns draacht, en op de efterkant in man dy't in kriichsoaljefant rydt

Yn 410 f.Kr. hie Kartago himsels fan de nederlaach yn Sisylje opholpen. It hie in grut part fan hjoeddeistich Tuneezje oermastere en nije koloanjes yn Noard-Afrika stifte. Sels gebieten bûten it Middellânske Seegebiet waarden ûntdutsen. Hanno de Seefarder fear de westafrikaanske kust del en Himilko de Seefarder fear de Jeropeeske kust oant de Britske eilannen del. Lykwols itselde jier skaten de Ibearyske koloanjes harren fan Kartago ôf, dêr't Kartago by ôfsnien waard fan de sulver- en koperminen. It ferlies dêrfan, en om bettere kontrôle oer de hannelsrûten te hâlden, besleat Hannibal Mago, de pakesizzer fan Hamilkar, Sisylje fannijs te oermasterjen.

Yn 409 f.Kr. tôge Hanibal mei syn striidkrêften nei Sisylje en oermasterje de plakken Selinus, hjoed-de-dei Selinunte, en Himera, dêr't se yn de earste kriich, santich jier earder, ferslein waarden. Nei't se dy oermaster hiene, late Hannibal yn 405 f.Kr. in twadde ekspedyskje om de rêst fan it eilân te oermasterjen. By it belis fan Agrigentum waard syn leger troffen troch in ynfeksjesykte, dêr't Hannibal sels oan ferstoar. Syn opfolger Himilko gie fierder mei de slach en wist de stêd Gela te bemasterjen en it leger fan Dionysius fan Syrakuse te ferslaan. Mar hy waard ek troffen troch dy sykte en moast foar frede ûnderhannelje, ear't er wer werom nei Kartago ferfarre koe.

Yn 398 f.Kr. hie Dionysius fannijs in leger byïnoar sammele en ferbruts it fredsferdrach. Hy foel de Kartaachske fersterking Motya yn it westen fan Sisylje oan, mar Himilko koe gau wer weromslaan. Hy pakte Motya werom en oermastere Messene, hjoed-de-dei Messina. In jier letter belegeren de Kartagers Syrakuse sels en kaam it hast ta in oerwinning, doe't dy sykte fannijs delstruts.

Yn 387 f.Kr. wie de striid yn it foardiel fan Kartago. Nei in seeslach by Catania belegere Himilko Syrakuse fannijs mei in striidmacht fan 50.000 Púnjers. Mar se waarden fannijs troffen troch in epidemy, dy't tûzenen slachtoffers frege. Dionysius makke in tsjinoanfal tsjin it ferswakke Punyske leger oer lân en see en ferneatige gâns de Punyske float. Tagelyk waard de belegering ferdreaun en Himilko en syn offisieren lieten harren legers efter en flechten út Sisylje wei. Himilko kaam yn Kartago oan mei in grutte skande en die himsels dêrnei tekoart troch himsels te ferhongerjen. Yn 340 f.Kr. hie Kartago allinnich noch it uterste súdwesten fan Sisylje.

Tredde Sisyljaanske OarlochBewurkje

 
De antike wrâld om 323 f.Kr. hinne

Yn 315 f.Kr. bruts Agatokles fan Syrakuse it fredesferdrach en besocht gâns Sisylje te oermasterjen. Yn fjouwer jier hie er Messene oermastere, belegere er Agrigentum en foel de lêste Kartaachske fêstiging op it eilân oan. Hamilkar, de pakesizzer fan Hanno de Grutte, sloech werom en wist Syrakuse fannijs te belegerjen. Wanhopich late Agatokles temûk in ekspedysje mei 14.000 manlju nei Kartago, en twong Hamilkar dêrmei werom te kearen. Agatokles waard yn 307 f.Kr. ferslein, mar koe werom nei Sisylje ûntsnappe. Hy ûnderhannele oer in fredesferdrach en wist de status fan Syrakuse feilich te stellen.

Pyrryske KriichBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Pyrryske Kriich.
 
De oanfalsrûten fan Pyrrus

Kartago rekke fannijs belutsen yn in kriich yn Sisylje. Ditkear troch Pyrrus fan Epirus, dy't Rome en Kartago útdage oer de hegemony yn it Middellânske Seegebiet. De Grykske koloanje Tarentum, hjoed-de-dei Tarente, yn Súd-Itaalje rekke yn in konflikt mei Rome belutsen en frege Pyrrus om help. Pyrrus seach dêrmei in mooglikheid om syn macht út te wreidzjen en stjoerde in ynfanterystriidkrêft mei 3000 manlju nei Tarentum. Underwilens fersloech er mei syn haadleger de Tessaaljers en Ateners op it Grykske fêstelân en dêrnei tôge er mei syn striidkrêften nei Súd-Itaalje om amper de Slach by Askulum te winnen.

De Kartagers hiene noed dat Pyrrus Sisylje oermasterje woe. Kartago sleat in ferbûn mei Rome, dat justjes nei de Slach by Askulum befêstige waard. De Grykske stêden op Sisylje, Agrigentum, Leontini en Syrakuse, erkenden Pyrrus syn hearskippij as betingst dat hy harren helpe soe en ferjei de Kartagers fan Sisylje. Hy wie fan betinken dat kriich mei Rome tefolle kostje soe, dus wie Sisylje in soarte fan ferliedingsprojekt. Hy stjoerde dêrop in ynfantery fan 20.000-30.000 manlju, in kavalery fan 1500-3000 manlju, 20 kriichsoaljefanten en sa'n 200 skippen nei Sisylje.

De kampanje yn Sisylje duorre trije jier lang, en Pyrrus ferdreau de Kartagers werom nei Lilybaeum, dat doe noch allinnich yn Kartaachske hannen wie. Kartago besocht doe te ûnderhanneljen foar in frede, mar Pyrrus akseptearre frede op betingst as de Kartagers Sisylje folslein ferlitte soene. Dat woene de Kartagers net en dus gie de belegering fan Lilybaeum gewoan troch. De Kartagers wisten stân te hâlden en lang om let joech Pyrrus de belegering op. Neffens guon berjochten hie Pyrrus it each op Kartago sels. Wylst er him dêrfoar tarette, behannele er de Sisyljaanske Griken poermin en eksekutearre sels twa fan syn bûnsmaten om't er se beskuldige fan ferrie. Dat late der ta dat guon Griken fan Sisylje harren by de Kartagers oansleaten. Ek de driging dat Rome him oanfalle soe, besleat Pyrrus mar om út Sisylje werom te lûken en him op Súd-Itaalje te oriïntearjen.

Doe't Pyrrus en syn leger fan Sisylje nei it fêstelân fan Itaalje ferfearen, waarden se troch de Kartaachske kriichsfloat oanfallen en doe sette de Slach yn de Strjitte fan Messina út ein, dêr't 98 fan de 110 skippen ta sinken brocht waarden. Kartago stjoerde dêropta noch mear striidkrêften, en nei it ferfarren fan Pyrrus wist dy harren gebieten yn Sisylje wer werom te bemasterjen.

Pyrrus syn kampanje yn Itaalje wie om 'e nocht en ferfear lang om let werom nei Epirus. Foar de Kartagers betsjutte dat it weromkearen nei de tastân fan foar de kriich. Foar de Romeinen betsjutte dat Magna Graecia stadichoan ûnder Romeinske ynfloed kaam en it Italjaanske skiereilân fierder ûnder harren kontrôle kaam. Dat late stadichoan ta spannings tusken de Romeinske Republyk en it Kartaachske Ryk. Pyrrus moat by syn ferfarren nei Epirus sein hawwe: "Myn freonen, wy litte in wrakselgrûn efter foar de Kartagers en de Romeinen".

Punyske OarloggenBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Punyske oarloggen.
  De Wikipedy hat ek in side Earste Punyske Oarloch.
  De Wikipedy hat ek in side Hierlingekriich.
  De Wikipedy hat ek in side Twadde Punyske Oarloch.
  De Wikipedy hat ek in side Tredde Punyske Oarloch.

Earste Punyske OarlochBewurkje

 
It Kartaachske Ryk yn de Punyske oarloggen

Doe't Agatokles fan Syrakuse yn 288 f.Kr. ferstoar, rekken in soad Italyske hierlingen, dy't foar him yn tsjinst wiene, wurkleas. Hja neamden harsels Mamertinen, "soannen fan Mars", en hja oermasteren de stêd Messana en begûnen de omkriten dêre te terrorisearjen.

De Mamertinen waarden in hieltyd grutter wurdende driging foar beide Kartago en Syrakuse. Yn 265 f.Kr. struts Hieron II fan Syrakuse tsjin harren. De Mamertinen spjalten harren dêrnei yn twa groepen. De iene kant keas foar oerjefte oan Kartago, wylst de oare kant help fan Rome besocht te sykjen. Wylst de Romeinske Senaat syn opsjes oan it útwagen wiene, stjoerde Kartago in leger nei Messana. De Kartaachske striidkrêften waarden yn de stêd talitten in in Kartaachske float fear de haven fan Messana yn. Dêrnei setten hja mei de ûnderhannelings mei Hieron II út ein. De Mamartinen stjoerden nochris in delegaasje nei Rome en harren te freegjen de Kartagers te ferjeien.

Hieron liet de Kartaachske striidkrêften krekt oan de oare kant fan de Strjitte fan Messina, de nauwe wetterwei dy't Sisylje fan it fêstelân fan Itaalje skaat. Dêrby koene se de kontrôle oer de wetterwei hâlde en foarmen se in driging foar Rome en syn belangen. De Romeinske Senaat, alhoewol't se weromhâldend wiene de hierlingen te helpen, stjoerde in ekspedysje en oermasterje Messana foar de Mamertinen.

De Romeinske oanfal op Messana late ta de Earste Punyske Oarloch (264-241 f.Kr.) Ynearsten hiene de Kartagers sukses, benammen op see mei help fan harren machtige kriichsfloat. Letter kearde de tastân om yn it foardiel fan de Romeinen. Under it oerbefel fan generaal Markus Atilius Regulus wisten de Romeinen oan lân te kommen yn Afrika, mar de Kartagers koene him wer weromdriuwe. De Romeinen fersloegen ta einbeslút de Kartagers yn de Slach by de Egadyske Eilannen foar de westkust fan Sisylje. De Kartagers ûnderhannelen dêrnei foar frede en dy waard by it Ferdrach fan Lutatius yn 241 f.Kr. tekene. Neffens dat ferdrach moast Kartago syn rjochten op Sisylje ôfstean en in swiere skeafergoeding oan Rome betelje. Dêrtroch hie Kartago net genôch jild mear en betelje syn hierlingen. Dat late ta rebûlje fan de hierlingen en ta de hierlingekriich. Yn Kartago sels feroare it politike klimaat dêrtroch. Hamilkar Barka, in generaal dy't yn Sisylje focht, fersloech de hierlingen, en dêrnei krige hy en syn neiteam, de Barkiden, in foaroansteande posyje yn Kartago. Yn dy snuorje wist Rome Korsika en Sardynje handich fan Kartago ôf te pakken.

Twadde Punyske OarlochBewurkje

 
Stânbyld fan Hannibal Barka yn it museum fan de Louvre yn Parys

Troch spannings yn Hispanje, dêr't Rome en Kartago harren koloniale riken oan it útwreidzjen wiene, bruts de Twadde Punyske Oarloch (218-202 f.Kr.) út. Dy kriich waard ferneamd om Hannibal, de soan fan Hamilkar Barka, syn ekspedysje troch de Alpen en Itaalje, dat as in ferrassing foar Rome kaam. Mei syn ynfal yn Noard-Itaalje waard er holpen troch syn Gallyske bûnsmaten en wist er de Romeinen te ferslaan yn de Slach by de Trebia en de Slach by de Trasimeenske mar. De Romeinen brûkten dêropta de Fabiaanske strategy, in ôfmêdingskriich dêr't se mei yn plak fan streekrjochte konfrontaasje de fijân efter harren oanjeie lieten om se wurch te meitsjen en dus dêrmei swakker te krijen. Dy strategy gie tsjin de tradisjonele militêre strategy yn. Mar de Romeinen kamen yn de Slach by Cannae wer foar de Kartagers oer te stean, dy't se ek ferlearen.

In soad Romeinske bûnsmaten stapten oer nei Kartago. De kriich yn Itaalje duorre wol mear as tsjien jier en de iene nei de oare Romeinske legers waarden ferslein. Nettsjinsteande dy ferliezen, hiene de Romeinen genôch mankrêften om dy ferliezen op te fangen. Mei harren goede belegeringstaktiken wisten de Romeinen de stêden, dy't nei Kartago oerstapt wiene, werom te bemasterjen. Ek wisten de Romeinen Hasdrubal Barka, de broer fan Hannibal dy't kommen wie om Hannibal syn striidkrêften te fersterkjen, yn de Slach by de Metaurus te ferslaan. Underwilens yn Hispanje, dat it wichtichste oanfier fan it Kartaachsk leger wie, oermastere in twadde Romeinske ekspedysje ûnder lieding fan Skipio Afrikanus Kartago Nova, hjoed-de-dei Cartagena, en fersloech de Kartagers yn de beslissende Slach by Ilipa dy't de Kartaachske hearskippij yn Hispanje einige.

Skipio Afrikanus efterfolge de generaal Hasdrubal Gisko nei Noard-Afrika dêr't er de Kartagers mei help fan de Numidyske kening Massinissa yn de slach by Utika en de Slach op de Grutte Flakten fersloech. Dêrmei twong Skipio Hannibal syn kampanje yn Itaalje op te sizzen en it thúslân fan Kartago te ferdigenjen. Hy waard lykwols ferslein yn de beslissende Slach by Sama yn 202 f.Kr. Kartago ûnderhannele dêrnei foar frede. Nei jierrenlang kriichfieren dat in soad koste hie en hast de ûndergong fan Rome betsjutte, lei Rome hurde betingsten op oan Kartago. Kartago moast de skea fergoedzje, syn kriichsfloat opjaan en mocht gjin kriich fiere sûnder tastimming fan Rome. Ek moast it alle gebieten bûten syn thúslân yn it noarden fan it hjoeddeistige Tuneezje opjaan en dêrmei waard Kartago winliken in Romeinske fazalsteat.

Tredde Punyske OarlochBewurkje

De Tredde Punyske Oarloch sette út ein yn 149 f.Kr. op oantrunen fan Romeinske senators dy't laat waarden troch Kato de Aldere, dy't Kartago foargoed ferneatigje woene. Kato wie ferneamd om dat er oan de ein fan hast eltse redefiering mei de Romeinske Senaat einige mei de sin: ceterum censeo Carthaginem esse delendam, "En boppedat ik bliuw de miening tadien dat Kartago ferneatige wurde moat". Ek wie Rome ynteresearre yn de rike lânbougebieten om Kartago hinne. Massinissa, kening fan Numydje en bûnsmaat fan Rome, stokele Kartago en anneksearre parten fan Kartaachsk gebiet. Kartago besleat Numydje oan te fallen, itjinge tsjin it ferdrach mei Rome gie en dat wie reden genôch foar Kato en ferklearje Kartago de kriich.

De Tredde Punyske Kriich wie folle lytser en duorre folle koarter as de eardere Punyske krigen. De kriich bestie hast allinnich út it Belis fan Kartago. Nettsjinsteande de beheinde grutte fan it Kartaachsk leger, wisten se lang stân te hâlden. De Romeinske ynfal waard ta stean brocht yn de slaggen by de Mar fan Tunis, Neferis en Hippo Diarrhytus en sels de ôfslanke Kartaachske kriichsfloat wist de Romeinske kriichsfloat in soad skea ta te bringen, dêr't se brânskippen by brûkten. Kartago wist trije jier lang stân tsjin it belis te hâlden, oant Skipio Aemilianus, de oannommen pakesizzer fan Skipio Afrikanus, ta konsul beneamd waard en it oerbefel fan it belis oernaam.

Lang om let moast Kartago de ferdigening opjaan, om't it leger fan de Romeinske Republyk folle grutter en sterker wie. Alhoewol't de Tredde Punyske Kriich folle koarter wie, wie it de beslissende kriich: de folsleine ferwoastging fan Kartago en it anneksearjen fan al it oerbleaune Kartaachske gebiet by Rome. Ek waarden der tsientûzenen Kartagers ombrocht of ta slaaf makke. De kriich einige it bestean fan it Kartaachske Ryk en de lêste Fenisyske politike macht.

NeisleepBewurkje

Nei de ferneatiging fan Kartago, stifte Rome de provinsje Africa Proconsularis, de earste Romeinske provinsje yn Afrika, dy't rûchwei oerienkaam mei it Kartaachsk gebiet yn Noard-Afrika. Utika, dy't de kant fan Rome keas yn de lêste kriich, krige belestingsfoardielen en waard ta haadstêd fan de provinsje makke en waard dêrtroch it mulpunt fan de Punyske hannel en kultuer.

Yn 122 f.Kr. stifte Gajus Semproanius Grakkus, in Romeinske senator, de Colonia Iunonia. Dat wie de Latynske namme fan de Punyske goadinne Tanit, Iuno Caelestis. It lei tichteby Kartago en moast fruchtber lân oan earme boeren biede, mar it waard al rillegau opheft troch de Romeinske Senaat dy't de macht fan Grakkus beheine woe.

Hast in iuw nei de fal fan Kartago, liet Julius Caesar tusken 49 en 44 f.Kr. in "Romeinsk Kartago" op it plak bouwe. It waard al rillegau it sintrum fan Afrika, dat de nôtskuorre en ien fan de woltierichste provinsjes fan it Romeinske Ryk waard. Yn de earste iuw n.Kr. wie Kartago al útwoeksen ta de twadde stêd fan it westlike Romeinske Ryk en hie in befolking fan 500.000.

De Punyske taal, identiteit en kultuer bleau noch ferskate iuwen bestean. De tredde iuwske Romeinske keizer Septimius Sevearus en syn soan en opfolger Karakalla wiene fan Punysk komôf. Yn de fjirde iuw neamde Augustinus fan Hippo, dy't sels fan Berbersk komôf wie, dat it Punysk noch hieltyd yn it gebiet troch minsken sprutsen waard dy't harsels as Kn'nm of Chanani, sa't de Kartagers harsels neamden, identifisearren. Ynwenners fan ferskate plakken yn Noard-Afrika, Sardynje en Sisylje bleaune Punysk praten en skriuwen, sa as ynskripsjes yn timpels, grêftomben, monuminten en keunstwurk sjen lieten lang nei de Romeinske oerwinning. Punyske nammen waarden, sels troch foaroansteande boargers fan Romeinsk Afrika, noch hieltyd oant alteast yn de fjirde iuw brûkt.

Guon Punyske gewoanten en ynnovaasjes oerlibben de Romeinske oerwinning en waarden oernommen yn de Romeinske kultuer. Mago syn boekwurk oer lânbou en lângoedbehear wie ien fan de oerbleaune Kartaachske skriuwwurken dy't bewarre bleaun binne en sels yn it Latyn en Gryksk oerset waarden op it hjitten troch de Senaat. Yn de Latynske folkssprake wiene der ferskate ferwizings nei de Punyske kultuer, sa as mala Punica ("Punyske apels") foar granaatapels; pavimentum Punicum, om it patroan fan terrakotta yn mozaïken te omskriuwen; plostellum Punicum foar de terskplanke dy't troch de Kartagers oan de Romeinen yntrodusearre waard. Troch de fijannigens foar Kartago oer, waard de sin Punica fides, "Punysk leauwe" brûkt om hannelingen fan ûnearlikens en ferrie te omskriuwen.

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.