List fan hearskers fan Kartago

Wikimedia-list

Oant 308 f.Kr. waard it Kartaachske Ryk bestjoerd, alteast offisjeel, troch monargen, alteast yn de sin dat de macht útoefene waard troch ien persoan. Yn de sechde iuw f.Kr. kaam de macht yn de hannen fan de famylje fan de Magoniden. De bestjoerstitel waard doe nei alle gedachten suffeet.

Didoniden
  • Dido 814 – ±760 f.Kr., keninginne, neffens de leginde de stifter fan Kartago
  • net bekend
  • Hanno I ±580 – 556 f.Kr.
  • Malchus I 556 – ±550 f.Kr.
Magoniden
  • Mago I ±550 – ±530 f.Kr.
  • Hasdrubal I ±530 – ±510 f.Kr., soan fan Mago
  • Hamilkar Mago ±510 – ±480 f.Kr., broer fan Hasdrubal; sneuvelet yn de Slach by Himera
  • Hanno II ±480 – ±440 f.Kr., soan fan Hamilkar
  • Himilko I (yn Sisylje) ±460 – ±410 f.Kr.
  • Hannibal Mago ±440 – 406 f.Kr., pakesizzer fan Hamilkar
  • Himilko II 406 – 396 f.Kr., soan fan Hanno
  • Mago II 396 – 375 f.Kr., omkesizzer fan Himilko
  • Mago III 375 – 344 f.Kr.
  • Hanno III 344 – 340 f.Kr.
Hannoniden of Hanniden
  • Hanno de Grutte 340 – 337 f.Kr.
  • Gisko 337 – 330 f.Kr., soan fan Hanno
  • Hamilkar II 330 – 309 f.Kr., soan fan Gisko
  • Bomilkar 309 – 308 f.Kr., omkesizzer fan Gisko

Yn 480 f.Kr., nei de dea fan Hamilkar Mago, ferlear de kening it measte fan syn macht oan in autokratyske gearkomste fan rjochters en âlderlingen. Yn 308 f.Kr. besocht Bomilkar in steatsgreep te dwaan en krij de macht werom foar de monargen. Hy slagge der lykwols net yn en dat late der ta dat Kartago in republyk waard, of earder sein in oligargy.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andrew Lintott, Violence, Civil Strife and Revolution in the Classical City: 750-330 BC, Routledge, 2014, side 66.
  • Miles, Richard (2011). Carthage Must Be Destroyed: The Rise and Fall of an Ancient Civilization. New York: Viking Penguin.