Himilko II
Himilko II (ferstoarn yn 396 f.Kr.) wie in Kartaachske generaal fan de dynasty fan de Magoniden dy't it oerbefel oer de Kartaachske striidkrêften tusken 406 en 396 f.Kr. hie. Hy waard ferneamd om syn striid yn Sisylje tsjin Dionysius I fan Syrakuse.
Libbensrin
bewurkje seksjeHimilko wie nei alle gedachten de soan fan Hanno de Seefarder en de pakesizzer fan Hamilkar Mago.
Tusken 550 f.Kr. en 375 f.Kr. spile de dynasty fan de Magoniden in wichtige rôl op polityk en militêr mêd yn Kartago. Himilko kaam op de foargrûn doe't er yn 406 f.Kr. as plakferfanger foar syn neef Hannibal Mago keazen waard yn de Kartaachske ekspedysje nei Sisylje. Hy waard de oerbefelhawwer doe't Hannibal oan in ynfeksjesykte ferstoar by it belis fan Agrigentum en dêrnei plondere er de Grykske stêden Akragas, Gela en Camarina en sette de striid tsjin Syrakuse fuort.
Yn 405 f.Kr. sleat er in ferdrach mei Dionysius fan Syrakuse en fergrutte de Kartaachske posysje yn Sisylje. Himilko waard yn 398 f.Kr. ta "kening' keazen en dêrnei late er fannijs in ekspedysje tsjin Dionysius. Ynearsten makke Himilko grutte suksessen, mar doe waarden syn striidkrêften wer troch dy ynfeksjesykte troffen, dêr't Hannibal Mago oan ferstoar. Hy waard dêrtroch ferslein troch Dionysius. Hy wist Dionysius om te keapjen om himsels en guon leden fan it leger yn feiligens te bringen en kear werom nei Kartago. Hy liet syn hierlingen lykwols efter. Hy naam publyklik de ferantwurdlikens oer fan it belies, en doe gie er ferklaaid as slaaf alle timpels del om boete te dwaan en neffens de oerlevering liet er himsels út skande ferhongerje dêr't er oan ferstoar.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen, noaten en referinsjes, sjoch op References op dizze side. |