Dido (Aldgryksk: Διδώ Grykske útspraak: [diː.dɔ̌ː], Latynske útspraak: [ˈdiːdoː]), ek bekend as Alissa of Elissa ( Ἔλισσα), wie de legendaryske stifter en earste keninginne fan de Fenisyske stedsteat Kartago. Hja is allinnich bekend fan Grykske en Romeinske boarnen, dy't in skoft letter as de stifting fan Kartago skreaun waarden. Oft se wier bestean hat is net wis. Yn de measte skriften wie se de keninginne fan de Fenisyske stedsteat Tyrus, dy't tiranny dêre flechte en har eigen stêd stifte yn it noardwesten fan Afrika.

Aeneas komt by Dido oan om te berjochtsjen oer de Trojaanske kriich troch Pierre-Narcisse Guérin. De sêne is fan de Aeneis fan Fergilius, dêr't Dido fereale rekket op Aeneas en drôvich wurdt wannear't er ferfarre moast.
Dido en Aeneas op in Romeinske fresko út Pompeï

It measte oer Dido har libben, karakter en rôl yn it stiftsjen fan Kartago is bekend fan de Aeneis fan Fergilius, dy't it ferhaal fertelt oer de Trojaanske held Aeneas.

Dido is hjoed-de-dei noch hieltyd in populêr figuer yn toanielstikken, keunstwurk en oare media. Har neilittenskip is benammen sterk yn Tuneezje, dêr't guon froulju harsels de "dochters fan Dido" neame, en dêr't se in nasjonaal symboal is en sels ôfbylde waard op de bankbiljetten.

In soad nammen yn de leginde fan Dido binne fan Punysk komôf. Dêrom moatte de Grykske skriuwers Fenisyske boarnen rieplachte hawwe. Ien andert is dat Dido fan deselde Semityske woartel as David, dat "leafste" betsjut. In oar andert is dat Dido "de swerver" betsjut.

Neffens Marie-Pierre Noël is de namme "Elisjat/Elisja" brûkt foar Punyske ûnthjitten. It bestiet út de Punyske taheaksel *il, de namme foar de Fenisyske god El, dat ek de namme foar God yn it joadendom is. -issa of ʾiš (𐤀𐤎) betsjut "brân" of is in oar wurd foar "frommes". In oare mooglikheid is dat it de froulike foarm fan El is. Yn it Gryksk ferskynt it as Theiossô, dat in oersetting is fan Élissa: el waard theos.

 
Stânbyld fan Dido yn de Louvre yn Parys
 
De dea fan Dido troch Guercino út 1631

Dido wie de dochter fan kening Belus II fan Tyrus. Hja wie troud mei Aserbas, ek wol Sycheüs neamd, dy't de hegepreester fan Melkart wie. Har broer wie Pygmalion en dy wie jaloersk op de woltierigens fan Aserbas. Nei't Belus ferstoar waarden Pygmalion en Dido beide hearskers oer Tyrus. Pygmalion liet Aserbas deadzje en Aserbas ferskynde dêrnei yn in dream oan Dido. Hy sei har de wierheid oer syn dea en sei har dat se it lân út flechtsje moast. Ek sei er har wêr't syn goud begroeven wie. Dêrnei ferfear se mei dyjingen dy't noed en haat foar Pygmalion oer hiene.

De groep kaam earst oan op Syprus, dêr't in preester fan Jupiter by harren oansleat. Ek namen se 80 jonge froulju mei, dy't op de kust as prostituees op de manlju fan de flechtelingen stiene te wachtsjen.

Dêrnei fearen se nei de kust fan Noard-Afrika dêr't Dido de Numidyske kening Hiarbas frege om in stikje lân dêr't se tydlik bliuwe koene ear't se fierder tôgen. Hy joech harren in stik lân dy't sa grut is as in hiele oksehûd. Hja snie de hûd yn tige tinne strypkes, sa't se genôch hie dat se de stripen efterinoar lizze koe en in gânse heuvel omkringje koe. Dy heuvel waard de Byrsa neamd en dat soe harren thús wurde. In soad lânseigen Berbers en de Fenysjers fan it tichteby lizzende Utika trúnden harren der op oan en bou in stêd. Doe't se úteinsetten mei it graven foar de fûneminten fûnen se in oksekop, dat in foarteken wie dat de stêd woltierich wêze soe, mar ûnderhearrich oan oaren wêze soe. Dêrnei begûne se justjes fierder op de heuvel te graven en doe fûnen se de holle fan in hynder. Dat wie in foarteken dat de stêd mactich wêze soe.

Doe't de nije stêd Qart-Hadasht boud waard en woltierich wie, easke Hiarbas dat Dido mei him trouwe moast of oars soe er Kartago de kriich ferklearje. Dido woe him leaver net boaskje yn earbied fan har man Aserbas.

Neffens ien ferhaal liet se in brânsteapel bouwe en in soad minske-offers jaan as de lêste offering foar har earste man en as tarieding foar it boaskjen mei Hiarbas. Dido rûn doe op de brânsteapel ôf en makke buorkundich dat se nei har man gean soe sa't se woenen en dêrnei stuts se harsels mei in swurd. Nei har selsopofferjen waard se fergodlike en waard se, sa lang as Kartago bestie, eare.

Neffens de Aeneis fan Fergilius wegere Dido earbiedich Hiarbas te boaskjen en dy liet har dêrnei gewurde. Njonkelytsen flechten de Trojaanske held Aeneas en syn manlju Troaje nei de Trojaanske Oarloch en kamen oan yn Kartago. Aeneas berjochte Dido oer de tastân en Dido joech harren tastimming yn Kartago te bliuwen. Dido en Aeneas rekken fereale meiïnoar troch it tadwaan fan Juno en Fenus. Op in dei wiene se op in jachtekspedysje en doe begûn it te reinen. Hja fûnen in skûlplak yn in grot, dêr't se meiïnoar begûnen te frijen en geslachtsmienskip hiene. Hja makken plannen om meiïnoar te trouwen. Doe't Hiarbas fernaam dat Dido en Aeneas in affêre hiene, waard er brûkel dat se him net boaskje woe, mar Aeneas wol. Hiarbas, dy't ien fan de soannen fan Jupiter wie, bidde ta syn heit. Jupiter stjoerde dêrnei Merkurius nei Aeneas om him te sizzen dat er nei Itaalje gean moast en stiftsje Rome. De fromme Aeneas waard drôvich, mar gie der fierder yn mei. Merkurius sei Aeneas ta al de goede dingen dy't him yn Itaalje te wachtsjen steane en hjit him syn float ree te meitsjen.

Dido waard dêrnei tige drôvich en woe dêrnei net mear fierder libje. Hja hiet har suster Anna in brânsteapel te meitsjen en baarn alles dat Aeneas efter liet, syn wapens, klean, en harren breidsbêd. Doe't Dido Aeneas en syn Trojanen ferfarren seach, ferflokte se harren en foarsei dat der in ivige striid tusken Kartago en de neikommelingen fan Troaje wêze soe, doelend op de Punyske oarloggen. Dido rûn dêropta nei de brânsteapel en lei del op de bêd dy't se dielde mei Aeneas en stuts harsels dêrnei mei de swurd, dy't Aeneas har jûn hie, yn har eigen liif. Dyjingen dy't taseagen begûn lûd te âljen en Dido har suster Anna rûn op har stjerrende suster ta en omearme har. Juno stjoerde Iris om Dido har geast fan har lea frij te litten. Aeneas en syn manlju seagen de brân fan harren skippen ôf en wisten net presiis wat der geande wie.

Yn syn reis troch de ûnderwrâld hinne kaam Aeneas Dido wer temjitte en besiket har út te lizzen wat der bard wie. Dido wegere him oan te sjen en sjocht de oare kant op nei in bosk dêr't har eardere man Aserbas op har stie te wachtsjen.

Histoarisiteit

bewurkje seksje
 
In bankbiljet fan 10 Tunezyske dinar mei in ôfbyld fan Elissa

It is net wis oft Dido wier bestien hie of dat se basearre wie op in histoarysk persoan. It ferhaal fan de oksehûd wie nei alle gedachten Gryksk, want Byrsa betsjut oksehûd yn it Gryksk en net yn it Punysk. De namme fan de heuvel kaam mooglik fan de Semityske woartel brt dat "fersterke plak" betsjut. Oare aspekten fan it ferhaal wiene mooglik Kartaachsk.

Oaren oppenearje dat Dido yndie histoarysk wie. Bewiis foar har bestean, en as se wol of net Aeneas ea temjitte kaam, is der foar it wiere bestean fan har famyljeleden, lykas har broer Pygmalion en harren pake Balazeros. Dy twa keningen, en Dido allyk, waarden neamd yn in list mei keningen fan Tyrus fan Menander fan Efeze dy't yn Flavius Josefus syn wurk Tsjin Apion stiet. Dêryn stiet de sin: "En no yn it sânde jier fan syn (Pygmalion's) hearskippij, syn suster flechte fan him fuort en boude de stâd Kartago yn Lybje".

De Stêle fan Nora, dy't yn Sardynje fûn waard troch skiedkundige Frank Moore Cross ynterpretearre dat Pygmalion de kening of de generaal wie dy't de stêle brûkte om oer syn oerwinning oer it lânseigen folk te skriuwen. De stêle waard datearre út de njoggende iuw f.Kr.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.