Hierlingekriich
Part fan de Punyske oarloggen

Kaart fan de strideraasjes yn de Hierlingekriich (Spaansk)
datum: 242-238/237 f.Kr.
plak: Kartaachsk thúslân, yn hjoeddeistich noardlik Tuneezje
útkomst: Kartaachske oerwinning
konfliktpartijen
Kartago • Opstannige hierlingen
• Opstannige Afrikaanske stêden
befelhawwers
Hanno de Grutte
Hamilkar Barka
Gisko
Spendius
Matho
Autaritus
sterkte
• net bekend • 90.000
ferliezen
• net bekend • in soad

De Hierlingekriich wie in kriich tusken Kartago en syn hierlingen, dy't troch Kartago oannommen waarden oan de ein fan de Earste Punyske Oarloch (264-241 f.Kr.) Dy hierlingen kamen yn opstân nei't de Kartaachske oerheid syn betellingsferplichts net beneikomme woe. De hierlingen waarden bystien troch Afrikaanske stêden, dy't ek tsjin it Kartaachsk bewâld yn opstân kamen. De kriich duorre fan 241 f.Kr. oant ein 238 of begjin 237 f.Kr. It einige mei it delbêdzjen fan de opstân troch de Kartagers.

Eftergrûn bewurkje seksje

De Earste Punyske Oarloch waard yn de tredde iuw f.Kr. útfochten troch Kartago en de Romeinske Republyk, dy't de twa machten yn it westlike Middellânske Seegebiet wiene. It wie it langst duorjende konflikt en de grutste seekriich fan dy tiid. De twa machten fochten om de kontrôle oer it eilân Sisylje dat strategysk sintraal yn it Middellânske Seegebiet lei. Nei in lange striid dy't de skatkisten fan beide kanten leechmakke hie ferlear Kartago mei de Slach by de Egadyske Eilannen lang om let de kriich. De Kartaachske Senaat hiet de oerbefelhawwer yn Sisylje, Hamilkar Barka, te ûnderhanneljen oer frede mei de Romeinen. Hy liet syn plakferfanger, Gisko, mei de Romeinen ûnderhannelje. It Ferdrach fan Lutatius waard tekene en einige de Earste Punyske Kriich offisjeel. Neffens it ferdrach stie Kartago gâns Sisylje ôf, liet alle kriichsfinzenen frij en moast in skeafergoeding fan 3.200 talinten betelje. In bedrach fan 1.000 talinten moast fuortendaliks betelle wurde, en de rêst yn in termyn fan tsien jier.

Underwilens late de Kartaachske generaal Hanno de Grutte in stikmannich kampanjes yn Noard-Afrika en wist it Kartaachsk gebiet dêre út te wreidzjen. Hy naam de stêd Teveste, hjoeddeistich Tébessa yn Algerije, 300 km besúdwesten Kartago, yn. Hy knypte de befolking fan de oermastere gebieten leech troch belestingen om de kriich tsjin Rome te beteljen. De helte fan de lânbouproduksje waard as belesting ynnommen en de tribút fan de stêden waard ferdûbele. Dy hannelingen waarden strang bekrêftige, dat ta ûntefredenens yn in soad gebieten late.

It Kartaachsk leger bestie foar in grut part út hierlingen om utens. Boargers tsjinnen yn it leger, wannear't der streekrjocht gefaar foar de stêd Kartago wie. Measte fan dy bûtenlanners wiene fan Noard-Afrika. Lybjers wiene benammen yn de ynfantery, dy't bewapene wiene mei grutte skylden, helmen, koarte swurden en lange spearen, en swiere kavalery mei spearen en dy wiene ferneamd om harren disipline. Numydjers brochten lichte kavalery dy't spearen fan in langere ôfstân smieten en dy wiene tige gaadlik troch de hurde faasje fan de Numidyske kavalery dy't de fijân dêrtroch lestch falle koe. Hierlingen út Hispanje en Galje leveren benammen ynfantery mei in soad ûnderfining. Slingers fan de Baleären waarden brûkt en ek Sisyljers en Itaaljers wiene part fan de striidkrêften. De Libyske ynfantery en de boargermilysje, wannear't dy meidie, foarmen in falanks. Ek brûkten de Kartagers ornaris kriichsoaljefanten. Almeast tsjinnen dy hierlingen neffens ien of oar ferdrach dy't Kartago mei guon stêden sletten hie. Dy stêden hiene ek gauris hierlingen of striidkrêften fan bûnsmaten yn tsjinst en leveren dy dus ek oan Kartago neffens harren ferdrach mei dy stêd.

Opstân bewurkje seksje

Nei't Hamilkar Barka hjitten waard en ûnderhannelje foar frede, waard er brûkel, want hy tocht dat de oerjefte net nedich wie. Hy ferliet Sisylje en joech it oerbefel fan it ferfieren fan de striidkrêften fan 20.000 manlju fan Sisylje nei Kartago oan Gisko. Gisko ferparte it leger yn groepen neffens komôf, en stjoerde dy groepen ien foar ien nei Kartago, tinkende dat se fuortendaliks by it oankommen betelle foar harren jierrenlange tsjinst wurde soene. De Kartaachske oerheid besleat lykwols te wachtsjen dat se allegear oankommen wiene, en besocht dêrnei te ûnderhanneljen foar in leger bedrach. Underwilens waarden alle groepen yn de stêd ynketiere dêr't se genoaten fan de foardielen fan it frije libben yn de stêd, nei't se acht jier yn de striid behelle wiene. Nei't alle groepen oankommen wiene, waarden alle 20.000 manlju nei Sicca Veneria, it hjoeddeistige El Kef, sa'n 180 km westlik, ferpleatst, sels ear't in grut part fan de striidkrêften noch betelle wurde moasten.

No't se frij wiene fan harren militêre disipline, hiene de manlju neat mear te dwaan. Se begûnen inoar te stokeljen en wegerje al it besykjen fan Kartago syn betellings te ferleegjen. Fol mei argewaasje marsearren alle 20.000 manlju nei Tunis, 16 km bewesten Kartago. De Kartaachske Senaat waard noedlik en kaam oerien de folsleine ferplichtings benei te kommen. De opstannelingen easken doe sels noch mear. Gisko, dy't populêr by it leger wie, waard yn it neijier fan 241 f.Kr. út Sisylje wei roppen en nei it kamp ta hjitten mei genôch jild dat Kartago noch skuldich wie. Hy sette út ein mei it beteljen en sei ta dat alles betelle wurde soe, wannear't der genôch jild sammele wie. De ûntefredenens like te bedarjen, doe't der om ûnbekende reden de disipline delsakke. Ferskate soldaten trunen der op oan en wegerje eltse ôfspraak mei Kartago, en rebûlje bruts dêrnei út. Dyjingen dy't net meidiene waarden ta dea stienige, Gisko en syn manlju waarden finzennommen en de skatkiste waard yn beslach nommen. Spendius, in ûntsnapte Romeinske slaaf dy't yn it Kartaachsk leger oannommen waard, en Matho, in Berber dy't ûntefreden wie oer Hanno syn belestingsferhegings op de oermastere Afrikaanske gebieten, waarden ta generaals oansteld. It nijs fan in nij foarme tsjinleger yn it hert fan it Kartaachsk gebiet sprate fluch en in soad stêden sleaten harren dêrby oan. Hja krigen fersterkings, neffens skriuwer Polybius, fan 70.000 manlju en finansjele middels. It betellingsskeel waard sa in grutte opstân dy't it fuortbestean fan de Kartaachske steat bedrige.

De kriich bewurkje seksje

Hanno de Grutte bewurkje seksje

 
De Slach by Utika

Hanno de Grutte, dy't de oerbefelhawwer fan it Kartaachsk leger yn Afrika wie, sette út ein de opstannelingen del te bêdzjen. De measte Afrikanen yn syn leger bleaune him trou, om't se deroan wend wiene tsjin harren eigen folk te fjochtsjen. Ek it part fan syn leger dat ynketiere wie yn Kartago, doe't it leger út Sisylje wei yn Kartago oankaam, bleau him trou. De bytsje striidkrêften dy't yn Sisylje bleaun wiene, waarden bybetelle en waarden oan Hanno syn leger taheake. Ek waard der jild sammele nije striidkrêften oan te nimmen rn in ûnbekend oantal Kartaachske boargers waarden oproppen yn it leger fan Hanno. Underwilens hiene de opstannelingen Utika en Hippo Diarrhytus, it hjoeddeistige Bizerte, besingele.

Yn ier 240 f.Kr. ferfear Hanno mei syn leger nei Utika mei 100 oaljefanten en belegeringswapens. Hanno bestoarme it legerkamp fan de opstannelingen yn de Slach by Utika en de oaljefanten ferjagen de belegerers. Hanno syn leger besette it kamp en tôge de stêd yn en hold in triomftocht troch de stêd. De weromlutsen opstannelingen stelden harren fannijs op yn de heuvels tichteby en tôgen werom nei Utika. De Kartagers wiene noch hieltyd de oerwinning oan it fieren, doe't de opstannelingen oanfoelen. In soad Kartagers kamen om it libben en de rêst flechte en liet yn de hastigens de kriichsreauwen efter. It slagge Hanno der dêrnei net mear yn en ferslach de opstannelingen.

De Romeinske Republyk makke lykwols gjin gebrûk fan de tastân dêr't Kartago yn ferkearde. It waard de Itaaljers ferbean en hannelje mei de opstannelingen, dochs waarden se oantrúne mei Kartago te hanneljen. 743 Kartaachske kriichsfinzenen, dy't noch finzen wiene, waarden frijlitten en dy waarden fuortendaliks yn it Kartaachsk leger oannommen. Kening Hieron II fan Syrakuse, dat in Romeinske fazalsteat wie, bea Kartago in grutte hoemannichte iten oan, dy't Kartago op dat stuit net fan syn eigen lân rispje koe. Let 240 of ier 239 f.Kr. sleaten de Kartaachske garnizoens yn Sardynje harren by de opstannelingen oan. Hja fermoarden de Kartaachske gûverneur op it eilân en de offisieren. De Kartagers stjoerden krêften nei it eilân, mar dy sleaten harren ek by de opstannelingen oan. De opstannelingen fregen Rome foar beskermeing, mar dy wegere dat. De reden dat Rome dat die is mooglik troch it feit dat Rome op dat stuit net yn de posysje wie yn in oare kriich behelle te wêzen.

Hamilkar Barkas bewurkje seksje

 
De Slach by de Bagradas

Yn 240 f.Kr. sammelen de Kartagers in nij leger byinoar fan likernôch 10.000 manlju. Dy bestiene út in kavalery fan 2.000 manlju en 70 oaljefanten, en opstannelingen dy't nei de Kartaachske kant oerrûnen. Dat leger stie ûnder it befel fan Hamilkar Barkas, dy't it oerbefel hie oer de striidkrêften yn Sisylje yn de lêste seis jier fan de Earste Punyske Kriich. De opstannelingen stelden harren mei 25.000 manlju ûnder it befel fan Spendius op by de rivier de Bagradas, dat hjoed-de-dei de rivier de Medjerda is. It kaam ta in treffen yn de Slach by de Bagradas, dy't Hamilkar wûn, en de opstannelingen ferlearen 8.000 manlju. Hja lutsen harren dêrnei werom.

Dêrnei waard Hamilkar oansteld as oerbefelhawwer, njonken Hanno, fan de Kartaachske striidkrêften, mar der wie gjin oparbeidzjen tusken dy twa. Wylst Hanno nei it noarden nei Hippo tsjin Matho ta tôge, pakte Hamilkar de ferskate stêden oan dy't de opstannelingen holpen. Troch in mingde strategy fan twingen en diplomasy wist Hamilkar harren wer oan de Kartaachske kant te krijen. Besúdwesten Utika stelde Hamilkar him en syn leger op yn de bergen om de opstannelingen ta in slach te lokken. Hy waard lykwols besingele, mar de Numidyske kening Naravas, dy't mei Hamilkar yn Sisylje tsjinne hie, kaam him ta help mei in Numidyske kavalery fan 2.000 manlju. Naravas focht earst mei de opstannelingen mei, mar rûn oer nei de kant fan Hamilkar. De opstannelingen waarden ferslein en ferlearen 10.000 manlju yn de striid en 4.000 waarden finzennommen.

Kriich sûnder genede bewurkje seksje

 
Bewegings yn de Hierlingekriich

Nei't Hamilkar mei syn strideraasjes yn Afrika úteinsette, behannele er syn kriichsfinzenen goed en bea harren de kar om yn syn leger mei te fjochtsjen of de folsleine frijheid. Hy joech de 4.000 kriichsfinzenen fan de Slach by Bagradas deselde kar. De lieders fan de opstannelingen seagen dy goede behanneling as de driuwfear foar it oerrinnen fan Navaras. Hja hiene noed dat der mear fan harren leger oerrinne koene, en se wiene der tige fan oertsjûge dat Hamilkar harren dy goede behanneling net jouwe soe. Om de mooglikheid fan goederbêstens oan beide kanten te ferwiderjen, liet Spendius, op oantrunen fan syn bûnsmaat, de Galjer Autaritus, de 700 Kartaachske kriichsfinzenen, mei Gisko ynbegrepen, ta dea martelje. Hamilkar liet op syn bart de finzenen deameitsje. Fan dat stuit ôf liet net ien fan beide kanten inkelde genede sjen. De skriuwer Polybius brûkte it begryp "kriich sûnder genede". Opstannelingen dy't dêrnei troch de Kartagers finzennommen waarden, waarden troch de oaljefanten ta dea wâde.

Yn de maitiid of simmer fan 239 f.Kr. rûnen de stêden Utika en Hippo, dy't oant doe ta trou oan Kartago bleaun wiene, oer nei de opstannelingen. It folk fan Utika frege de Romeinen om help, mar dy wegeren. De opstannelingen dy't dêr opsteld stiene, giene dêrnei súdlik om Kartago te besingeljen.

Hamilkar, dy't oer in folle gruttere kavalery beskikte, bestookte de oanfierrûten fan foarrie foar de opstannelingen om Kartago hinne. Hy waard bystien troch Hanno, mar dy twa krigen spul oer de strategy en dêrtroch rûn de operaasje stil. Doe moast der troch it leger, nei alle gedachten allinnich de offisieren, keazen wurde wa't de oerbefelhawwer wurde soe, en Hamilkar waard keazen. Hanno ferliet dêrnei it leger mei stive kûten. Yn ier 238 f.Kr., troch in brekme oan foarrie, joegen de opstannelingen harren belis fan Kartago op. Hja lutsen harren werom nei Tunis, dêr't se Kartago besochten te blokkearjen. Wylst Matho de blokkade fuortsette, late Spendius likernôch 40.000 manlju tsjin Hamilkar. Lykas yn it foargeande jier holden se harren ta yn heger en rûger gea, en bestookten it Kartaachsk leger dêrwei. Hamilkar wist harren yn in berchpas of berchrêch, dat de "Seage" neamd waard, yn de fal te lokken. De opstannelingen sieten fêst yn de bergen en koene gjin kant mear út. Hja waarden fan harren oanfier fan iten ôfsnien, en begûnen stadichoan te ferhongerjen. Hja hoopten dat Matho fanút Tunis wei harren helpe soe, mar begûnen tagelyk ek mei Hamilkar te ûnderhanneljen. Ynstee dêrfan naam er Spendius en syn luitenanten finzen. De opstannelingen besochten harren dêrnei út harren situaasje te fjochtsjen yn de Slach by de Seage, mar waarden folslein ôfslachte.

 
In 19e iuwske yllustraasje fan Victor Armand Poirson fan de krusiging fan Spendius en syn manlju

Yn ein 238 f.Kr. marsearre Hamilkar nei Tunis en belegerje dy stêd. De stêd wie slim tagonklik fanút it westen en easten, dus stelde Hamilkar him op besuden de stêd, en syn generaal Hannibal benoarden de stêd. De lieders fan de opstannelingen dy't by de Seage finzennommen waarden, waarden om de stêd hinne krusige, dat fanút de stêd wei te sjen wie. Matho die dy nachts in fernuveringsoanfal. Ien fan harren legerkampen waard plondere, mei al it kriichsark ynbegrepen. In soad Kartagers kamen dêrby om. Hannibal en 30 Kartaachske funksjonarissen, dy't dat kamp krekt besochten, waarden dêrby finzennommen. Hja waarden martele en krusige op de krusen dêr't Spendius en syn maten earst oan hongen. Hamilkar joech de belegering op en luts dêrnei nei it noarden ta.

De Senaat trúnde der op oan dat Hanno en Hamilkar meiïnoar fermoedsoenje, en dat diene se dan ek. Underwilens marsearre Matho en syn leger fan Tunis 160 km súdlik nei de woltierige stêd Leptis Parva, dy't earder yn de kriich tsjin Kartago yn opstân kaam. Hanno en Hamilkar marsearren dêrnei tegearre efter harren oan mei in leger fan likernôch 40.000 manlju, dêr't eltse Kartaachske boarger, dy't âld genôch wie om mei te fjochtsjen, yn siet. De opstannelingen besleaten, ynstee fan te wachtsjen, de Kartagers op iepen fjild temjitte te kommen. De 30.000 opstannelingen waarden ôfslachte en Matho waard finzennomen. De finzenen waarden krusige, en Matho waard meinommen nei Kartago dêr't er yn in triomftocht troch de strjitten sleept waard. Hy waard troch de boargers dea martele.

De measte stêden dy't noch net nei Kartago oerrûnen wiene, diene dat no, útsein Utika en Hippo, dy syn boargers no noed hiene fan in wraakaksje fan Kartago. Hja besochten it ynearsten noch út te hâlden, mar neffens Polybius joegen se harren al rillegau oer. De stêden dy't harren oerjoegen krigen lykwols gjin swiere straffen, mar dêr waarden al Kartaachske gûverneurs oansteld.

Sardynje bewurkje seksje

Yn 237 f.Kr. kaam de lânseigen befolking fan Sardynje yn ferwar en ferjagen se it opstannelingsleger, dy't nei Itaalje ta flechte. Doe't de kriich yn Afrika ta in ein rekke, fregen de opstannelingen fannijs om help oan de Romeinen. Ditkear stimden se der mei yn en stjoerden se in ekspedysje om beide Sardynje en Korsika yn te nimmen. It is net wis wêrom't de Romeinen oars hannelen as trije jier earder. Polybius sei dat dy hanneling net te ferdigenjen wie. Kartago stjoerde dêrop in delegaasje nei Rome om harren op it Ferdrach fan Lutatius te wizen. Ek lieten se de Romeinen witte dat Kartago in ekspedysje oan it tarieden wie om dy nei it eilân, dy't Kartago 300 jier lang holden hie, te stjoeren en fannijs yn te nimmen. De Romeinske Senaat andere dêrop dat it tarieden fan sa'n ekspedysje al in hanneling fan kriich wie. De Romeinen easken in nij ferdrach en dêryn easken se Sardynje en Korsika en in skeafergoeding fan 1.200 talinten. Ferswakke troch 30 jier kriich, kaam Kartago de Romeinske easken temjitte, ynstee fan wer in konflikt mei Rome.

Neisleep bewurkje seksje

Yn de folgjende sân jier fersloegen de Romeinen de befolking fan Sardynje en Korsika, nei in drege striid harren te ûnderdrukken. It ynpikken fan Sardynje en Korsika troch de Romeinen smiet in soad argewaasje op yn Kartago. Polybius sei dat dy hanneling fan de Romeinen ta einbeslút ta de Twadde Punyske Oarloch, njoggentjin jier letter, late.

Nei de oerwinning yn de Hierlingkriich, krige Hamilkar Barka en syn famylje, de Barkiden, in grutte ynloed op de polityk yn Kartago. Fuortendaliks nei de kriich, late Hamilkar in leger fan syn feteranen yn in ekspedysje om it Kartaachsk gebiet yn súdlik Hispanje út te wreidzjen. Kartaachsk Hispanje, mei it sintrum yn Kartago Nova, hjoed-de-dei Cartagena, waard winliken in healûnôfhinklike steat ûnder de Barkiden. Yn 218 f.Kr. besingele in Kartaachsk leger ûnder Hamilkar syn soan, Hannibal Barka, de stêd Saguntum yn eastlik Hispanje, dy't troch de Romeinen beskerme waard en dat late streekrjocht ta de Twadde Punyske Oarloch.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen, noaten en referinsjes, sjoch op Notes, Citations and Sources op dizze side.