Numydjers
De Numydjers wiene in Berbersk semynomadysk folk fan Numydje yn hjoeddeistich Algerije en in part fan Tuneezje. De Numydjers wiene ien fan de earste Berberske stammen dy't mei de Fenisyske hannelskoloanje Kartago hannelen. Doe't Kartago bloeide, bloeide harren relaasje mei de Numydjers. It Kartaachsk leger brûkte de Numidyske kavalery as hierlingen. De Numydjers beane de bêste kwaliteit kavalery oan Hannibal yn de Twadde Punyske Oarloch, mar keazen dêrnei de kant fan de Romeinske Republyk.
Punyske oarloggen
bewurkje seksjeYn de Punyske oarloggen wie Syffaks de kening fan it grutste Numidyske keninkryk fan de Massesyljers. Yn 213 f.Kr. einige Syffaks syn relaasje mei Kartago. Yn 208 f.Kr. fernijde er de relaasje nei't er Sofonisba, de dochter fan Hasdrubal Gisko boaske.
Yn de Twadde Punyske Oarloch krige Skipio Afrikanus help fan kening Masinissa fan it oare Numidyske keninkryk fan de Massyljers en hja fersloegen Kartago en Syffaks. Nei de kriich ferienige Masinissa it Numidyske keninkryk mei in sterke lânbou as grûnwurk.
Neffens it fredesferdrach tusken Rome en Kartago nei de Twadde Punyske Oarloch mocht Kartago gjin kriich begjinne sûnder tastimming fan Rome. Masinissa makke misbrûk fan dat ferdrach troch Kartaachsk lân yn te nimmen. Hy betocht ferskate meneuvels om lân te bemachtigjen, sa as it beskuldigjen fan Kartago dat dy syn float oan it opbouwen wie itjinge tsjin de ôfspraken wie. Kartago gie der tsjin yn berop en Kato de Aldere kaam mei in kommisje om te bemiddeljen. Kartago betroude de Romeinske kommisje net om't eardere Romeinske besluten min útpakten foar Kartago en de Kartagers fersmieten harren beslút. Kato, dy't as legionêr yn de Twadde Punyske Oarloch fochten hie, wie troch it wegerjen fan Kartago oertsjûge dat der in Tredde Punyske Oarloch nedich wie. Hy joech in taspraak oan de Romeinske Senaat dy't einige mei de wurden Ceterum censeo Carthaginem esse delendam (Boppedat, ried ik oan dat Kartago ferneatige wurde moat).
In kloft Kartaachske senatoaren wiene foar in fredesferdrach mei de Numydjers, mar dy groep wie lykwols yn de minderheid, om't Kartago net tajaan woe oan in folk dy't se eartiids dominearren. Dy senatoaren waarden dêrnei ferballe en hja giene dêrnei nei Masinissa foar help. Masinissa stjoerde in leger om de Kartaachske stêd Oroskopa te belegerjen, mar dy waard troch in Kartaachsk leger ûnder lieding fan Hasdrubal ferdreaun. Twa fan Masinissa syn soannen waarden finzennommen. Dat wie de reden foar Rome en fal Kartago oan. Yn 149 f.Kr. ferstoar Masinissa. Misipsa waard de twadde kening fan Numydje.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |