Sofonisba
Sofonisba (Punysk: 𐤑𐤐𐤍𐤁𐤏𐤋 Ṣap̄anbaʿal) wie in Kartaachske ealfrou en dochter fan generaal Hasdrubal Gisko, dy't yn it tiidrek fan de Twadde Punyske Oarloch yn de tredde iuw f.Kr. libbe. Hja waard ferneamd om it foarfal dat se harsels leaver fergiftige as harsels krinkje te litten yn in Romeinske triomftocht.
Libbensrin
bewurkje seksjeSofonisba waard berne as in dochter fan Hasdrubal Gisko. Neffens de skriuwer Kassius Dio wie Sofonisba in kreas frommes en wie se oant 206 f.Kr. ferloofd mei de Eastnumidyske kening fan de Massyljers, Massinissa, mar doe't er yn dat jier in ferbûn sleat mei de Romeinen, waard dy ferloving ferbrutsen. Hasdrubal socht nei in nije bûnsmaat en wist de Westnumidyske kening fan de Massesyljers, Syffaks oer te heljen, dy't earder in bûnsmaat fan Rome wie. Syffaks en Hasdrubal waarden troch de Romeinske generaal Skipio Afrikanus en Massinissa ferslein yn de Slach op de Grutte Flakten. Sofonisba foel dêrby yn de hannen fan Massinissa. Dy rekke finaal fereale op har en boaske har. Doe't Skipio derefter kaam dat Sofonisba Syffaks oerhelle in ferbûn mei Kartago te sluten, fersette er tsjin harren houlik. Hy easke dat se harsels daliks oan him oerjoech, sa't er har meinimme koe yn syn triomftocht. Nettsjinsteande dat Massinissa fan Sofonisba hold, gie er der yn mei en ferlit har. Hy sei har dat er har net tsjin it finzenskip beskermje koe en frege har dêrom te stjerren as in wiere Kartaachske prinsesse. Dêropta pakte se de gifbeker en dronk it fergif op. Dêrnei ferstoar se en Massinissa brocht har lyk by Skipio.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|