Numidyske kavalery
De Numidyske kavalery wie in type lichte kavalery dy't ûntjûn waard troch de Numydjers. Nei't se troch Hannibal brûkt waarden yn de Twadde Punyske Oarloch, neamde de romeinske skriuwer Titus Livius harren "de alderbêste hynsteriders" yn Afrika.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Numidyske kavaleryhynders, foarfaars fan de Berberhynders, wiene lyts ferlike mei oare hynders fan dy tiid. Se wiene tige fluch foar lange ôfstannen. Numidyske kavalerymanlju rieden sûnder seal en leie, mar hiene in ienfâldich stik tou om de nekke fan it hynder en in lytse ienfâldige hynsterrydstôk. As beskerming droegen se in rûn learen skyld of loaihoarshûd, en harren wapens wiene koarte swurden en spearen.
Troch harren handigens mei it hynsterriden, mar harren brekme oan swiere wapens, wiene se benammen ornearre foar it lestich fallen fan de fijân troch mei harren spearen te smiten en dan rap ûntsnappe te kinnen ear't de fijân in tsjinoanfal begjinne koe. Dy taktyk wurke benammen goed tsjin net sa mobile legers, sa as tsjin de soldaten fan Julius Caesar, doe't dy Afrika ynfoel.
Tagelyk wie de Numidyske kavalery net opwoeksen tsjin swiere kavalery, sa as bygelyks in grutte mankrêft fan Moarske kavalery net opwoeksen wie tsjin tritich Gallyske hynsterriders dy't foar Caesar fochten yn syn ynvaazje fan Afrika. Yn in oar foarfal ferjage in squadron fan swiere Ibearyske kavalery de Numydjers ûnder lieding fan Titus Labienus, wylst syn Gallyske en Germaanske ruters harren tsjinhâlde koene.
De Numidyske kavalery wie tige gaadlik foar bygelyks de militêre ferkenning fan Hannibal by syn ynvaazje yn Itaalje yn de Twadde Punyske Oarloch, dy't bekend waard troch syn stadige oarlochsoaljefanten. Hy brûkte de Numidyske kavalery ek wol om de Romeinen yn de fal te lokken sa as yn de Slach by de Trebia, of as syn rjochterflank.
De Numidyske kavalery wie ferneamd yn dy tiid en se fochten net allinnich foar de Kartagers, mar ek wol yn oare legers. De Romeinen brûkte de Numidyske kavalery tsjin Hannibal yn de Slach by Zama. Iuwen letter brûkten de Romeinen de Numidyske lichte kavalery yn selsstannige ienheden: equites Numidarum of Maurorum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|